'Simmer yn Fryslân' by de Skotske kij fan Eanjum

Simmer yn Eanjum
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we moandei yn Eanjum. Ferslachjouwer Geert van Tuinen is op besite by camperplek It Tún-Hûs. Hjir kinne gasten moarns oanskowe oan in picknicktafel op it kampearterrein. En as it min waar is, dan is der noch altyd de loads!
En Folkert van der Zee hat in keppel swarte Aberdeen Angus-kij, in Skotsk koweras. Hy buorket biologysk. De kij steane yn de winter op stâl en fan juny oant oktober rinne se yn it natuergebiet fan Natuurmonumenten.
De kij binne der foar it fleis, dus geregeld wurdt der ien slachte. De produkten dêrfan wurde yn de buorkerijwinkel fan Van der Zee en syn frou ferkocht.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Tiisdei 26 july is Omrop Fryslân yn Elso. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.