Werom nei hoe't it moat: Gaasterlânske spelt en rogge gean nei doarpen yn de omkriten

Bouboer Jan de Vries út Harich © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It telen en ferwurkjen fan tradisjonele gewaaksen en de produkten dêrfan lokaal ferkeapje. Dat is it ideaal fan bouboer Jan de Vries.
Mei syn heit en broer runt er in buorkerij yn it Gaasterlânske Harich. Dêr ferbouwe se ûnder oare rogge en spelt. De grûn wurdt allinnich bedonge mei stront fan lokale boeren út de omjouwing. Keunstdong en bestridingsmiddels komme der net oan te pas.
"Spelt en rogge binne oergewaaksen dy't hjir goed groeie wolle en eins net fetber binne foar sykten. Je siedzje it en dan is it gewoan wachtsjen. Prachtich is dat", seit De Vries.
Gaasterlânske spelt en rogge gean nei doarpen yn de omkriten
De kommende wiken wurde de rogge en de spelt fan it lân helle. De rogge giet nei de lokale mûlner en nei de bakkers yn de omjouwing. In part fan de spelt giet dêr ek hinne.
Mar op de eigen buorkerij bestiet ek de mooglikheid om it te ferwurkjen. Yn gearwurking mei de lokale mûlner stiet der in mûne op it bedriuw om de spelt te meallen. It moal wurdt lokaal ferkocht, mar ek brûkt yn de eigen bakkerij dy't sûnt in pear wiken yn bedriuw is.
Dat de minsken hjir lâns komme en dan sizze: sjoch, hjir komt ús iten wei. Dat fyn ik in moaie gedachte.
Jan de Vries
De Vries: "We wolle ús produkten graach lokaal ferwurkje en ferkeapje. Krekt as eartiids. Dat de minsken hjir lâns komme en dan sizze: sjoch, hjir komt ús iten wei. Dat fyn ik in moaie gedachte."
De spelt hat - as it goed en sûnder alderhande tafoegings ferwurke wurdt - ek it foardiel dat it allergyen tsjingiet. Ek minsken mei gluteyntolerânsje kinne it ite, seit De Vries.

Tuskenfaze

Op it bedriuw fan de famylje wurdt net allinnich biologysk wurke. Foar it ynkommen ferbout de famylje ek noch poatierappels op tradisjonele wize en der is in gearwurking mei in grut bedriuw foar de feredeling en fermeardering fan weetrassen.
Mar as it oan De Vries leit, is dat in tuskenfaze. It lokaal telen en ferwurkjen moat úteinlik genôch wêze om fan te bestean. "Dat is wol it doel. Dat soe ik moai fine. Dat minsken hjir del komme en sizze: sjoch, dêr wurdt ús iten ferboud. Dat sjoch ik wol sitten."