Pún oars besjoen op keunstrûte: Hoe ticht kinst by it lijen yn Oekraïne komme

Púnstikken yn tsjerke fan Eastrum om stil te stean by de oarloch yn Oekraïne en oar leed © Eigen foto
Alle woansdeis by in tsjerke delgean om te sjen hoe it giet mei it keunstwurk yn wurding. By de keunstrûte Monnikenwerk yn Noardeast-Fryslân giet it om it proses, net om it konkrekte einresultaat.
De keunstrûte is ûntstien yn Grinslân. Njonken de twa yn dy provinsje is der no ek ien yn Noardeast-Fryslân.
Besikers moatte gjin kant en kleare wurken ferwachtsje. It draait allegearre om it proses fan ûntstean. De keunstners litte harren ynspirearje troch de tsjerken of de omjouwing en gean op grûn dêrfan oan de slach.
Seis woansdeis wurkje se de hiele dei yn de tsjerke. Besikers binne wolkom tusken fiif oere middeis en acht oere jûns. Sy hearre dan fan de keunstner hoefier oft it is mei it keunstwurk. As der noch neat konkreets is, wurdt dat ek dield mei de besikers, want it giet om it proses.
De tsjerke fan Eastrum © Google Streetview
Yn Fryslân dogge fiif tsjerken yn en by Dokkum mei. Lisette Durenkamp is ien fan de dielnimmende keunstners. Sy wurket yn de tsjerke fan Eastrum.

Pún

De oarloch yn Oekraïne hat ynfloed op har wurk. Se woe wat dwaan mei papieren fredefûgels en pún. Se siket stikken pún, hellet de modder derôf en wasket de púnstikken. Troch dy fersoarging besiket se tichterby it leed en lijen fan de minsken te kommen. Se wol útsykje hoe ticht oftst by it lijen fan ien komme kinst.
Lisette Durenkamp
De sawat 20 km lange rûtes fan Monnikenwerk binne te befytsen. Njonken de rûte yn Noardeast-Fryslân, binne der ek twa yn Grinslân: ien yn Noard-Grinslân en ien yn East-Grinslân.
Yn Fryslân stean de tsjerken tusken 17.00 en 20.00 oere iepen yn Eastrum, Jouswier, Wetsens, Ealsum en yn Dokkum (Bonifatiuskapel). It keunstprojekt is twa wike ferlyn úteinset. De restearjende data binne woansdei 27 july en 3, 10 en 17 augustus.
Mear ynformaasje is hjir te finen.