Profronde fan Surhústerfean grypt neist Tourwinner Jonas Vingegaard

Jonas Vingegaard op it einpoadium yn Parys © Orange Pictures
Jonas Vingegaard stiet tiisdeitejûn net oan de start fan de Profronde fan Surhústerfean. De Deenske hurdfytser komt tiisdei wol nei Nederlân, mar hat dan oare ferplichtingen mei syn ploech.
Vingegaard skreau snein de einwinst yn de Tour de France op syn namme.
Earder makke de organisaasje bekend dat ûnder mear Mathieu van der Poel, Fabio Jakobsen, Bauke Mollema en Dylan Groenewegen wol oan de start stean sille fan de Fryske profronde.
It komitee hope lykwols noch in truiwinner nei Surhústerfean te heljen. Dat is dus net mear slagge. Sprinter Mark Cavendish, goed foar 34 oerwinningen yn de Tour, en Nederlânsk kampioen Pascal Eenkhoorn binne noch wol oan it dielnimmersfjild taheakke.
De oerwinning yn de profronde gie ferline jier nei Jakobsen. Yn eardere edysjes kamen Geraint Thomas, Chris Froome, Peter Sagan, Alberto Contador, Pieter Weening en Joop Zoetemelk al ris as earste oer de streek.