Bysûnder oanspielplak foar grize seehûn: op de seedyk by Lauwerseach

De deade seehûn by Lauwerseach © RTV NOF
Oan de seedyk by Lauwerseach is dizze wike in grize seehûn fan sa'n twa meter oanspield. Net de lingte, mar wol de lokaasje is bysûnder, seit Sander van Dijk fan seehûnesintrum Pieterburen.
Grize seehûnemantsjes kinne 2,5 meter lang wurde, seit Van Dijk. Wat dat oanbelanget wie dizze seehûn foar syn soart net hiel grut. "Maar normaal gesproken zitten ze veel meer bij Vlieland en Terschelling. Als ze doodgaan, spoelen ze meestal niet helemaal bij Lauwersoog aan."
"We maken het niet zo vaak mee dat deze grote zeehondensoort daar precies terechtkomen", leit er út. De streaming kin soks wol feroarsaakje, mar faak gebeurt it net.
De deade seehûn by Lauwerseach © RTV NOF
"Meestal zinken ze nadat ze doodgaan. Soms ook niet: dan zwellen ze op en zeker als het warmer is kan-ie blijven drijven."
De deadsoarsaak is op basis fan foto's lestich te beoardieljen foar Van Dijk. "Dat wordt ook niet onderzocht, daarvoor is hij al te lang dood. Dat zie je aan de cirkelvormige plekken op de huid. Waarschijnlijk was deze gewoon oud en is-ie daardoor gestorven."