KNRM Flylân yn aksje by stjoerleas syljacht dy't tsjin havenhaad botste

It syljacht mei oan de rjochterkant in flink gat © KNRM Vlieland
De KNRM op Flylân hat yn de nacht fan sneon op snein yn 't spier west foar in syljacht dy't op it havenhaad botst wie. Nei alle gedachten wie der in tou yn de skroef rekke, wêrnei't it jacht stjoerleas omdreau.
It KNRM-stasjon waard krekt nei 02.30 oere oproppen foar maritime helpferliening. It gie om in Frânsk syljacht, dy't út it Dútske Brunsbuttel ûnderweis wie nei de westkust fan Frankryk.
Troch de sterke streaming waard it syljacht meinaam nei it havenhaad. Troch de klap ûntstie der in gat fan sa'n tsien sintimeter yn de boat, krekt boppe de wetterline. De KNRM hat mei rêdingsboat Graaf van Bylandt it jacht yn de haven fan Flylân sleept, sa't de boat reparearre wurde kin.