In protte pasjinten mei long covid knappe net gau op
Foar de measte pasjinten mei long covid duorret it lang foardat se opknappe. Dat hat grutte gefolgen foar har libben en wurk. De FryslânDOK 'De lange azem' folget twa minsken mei long covid.
Yn Noardeast-Fryslân wurket in team fan spesjalisten oan it better wurden fan minsken dy't al hiel lang klachten hawwe nei in coronabesmetting.
De nije behannelmetoade is foar pasjinten en behannelers in nije rûte fol ûnbekende paden. Dat komt omdat long covid in nije sykte is.
FryslânDOK 'De lange azem - libje mei long covid'
- Sneon 23 july op NPO2 om 15.30 oere (werhelling snein 24 july 13.39 oere)
- Snein 24 july op Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Longdokter Jolanda Kuijvenhoven fan sikehûs MCL yn Ljouwert hat it behanneltrajekt ûntwurpen mei kollega's yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Yn de post-covidpoly fan it MCL, mar ek yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum, sjocht sy pasjinten dy't troch de húsdokter trochferwiisd binne.
Nei spesjalisten
Mei in diagnoaze long covid geane pasjinten nei in spesjalisearre fysioterapeut, in ergoterapeut, in azemterapeut of soms ek in diëtist.
Yn de podcast 'De lange azem' fan FryslânDOK praat programmamakker Annet Huisman mei spesjalisten oer dizze behannelingen.

Yn de dokumintêre fan FryslânDOK, dy't foar it earst útstjoerd is yn febrewaris 2022, folget Annet Huisman twa pasjinten. Sebastiaan Verra (40) út Damwâld wurket op in skipshelling op Lauwerseach. Hy krige yn april 2021 corona.
Fysioterapeut Afien Wybenga wurket yn Damwâld mei Verra oan syn opknappen. It is fan belang dat de soarch tichtby de pasjinten is, omdat minsken mei long covid amper enerzjy hawwe om te reizgjen.

En Marrit Bekkema (20) út De Westereen rint staazje by in soarchbedriuw yn De Falom. Se krige yn de simmer fan 2021 corona en in jier letter hat se it noch faak benaud.

Yn july 2022 binne by likegoed Sebastiaan Verra as Marrit Bekkema de klachten noch net oer. Se sykje hieltyd nei de bêste metoade om dêr ferbettering yn oan te bringen en dermei te libjen.