'Simmer yn Fryslân' yn it muzikale Spannum

'Simmer yn Fryslân' yn it muzikale Spannum
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we freed yn Spannum. Yn it doarpshûs wurdt drok oefene troch leden fan de ferskate orkesten dy't it doarp ryk is. It âldste korps wurdt takom jier mar leafst 125 jier. Guon doarpsbewenners sette har al desennia lang yn foar in muzikaal Spannum.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Moandei 25 july is Omrop Fryslân yn Eanjum. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.