Motus Mori yn Ljouwert: dûnsers lizze deistige bewegingen fêst yn argyf

Dûnsers lizze bewegings fêst yn in argyf © Katja Heitmann / Hanneke Wetzer
Keunstner Katja Heitmann hat fjouwer wiken lang de bewegingen fan Friezen fêstlein yn har atelier yn Ljouwert. Sy wol de beweging fan in persoan oerbringe yn in profesjonele dûnser.
It projekt is ûnderdiel fan it kulturele programma Arcadia. Minsken dy't oan it argyf fan Heitmann meiwurkje wolle, binne frege om mei in dûnser earst in ynterview te hâlden. De dûnser fertaalt de bewegingen op eigen wize en makket der in optreden fan.
De foarstellingen mei de namme Motus Mori sille úteinlik in argyf foarmje fan bewegingen.
Dûnsers lizze deistige bewegingen fêst yn in argyf
Heitmann hat yn ferskate stêden yn binnen- en bûtenlân sa'n tûzen minsken en harren bewegingen fêstlein yn dûnsfoarm. Dat smyt nijsgjirrige ferbannen op. "Als je puur vanuit beweging naar een stad zou kijken, zie je heel andere verbindingen tussen mensen", leit se út.
Motis Mori © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Je ontdekt dat mensen iets gemeen hebben, van wie je nooit zou denken dat ze iets gemeen zouden hebben als je het vanuit sociale achtergrond of leeftijd zou zien. Dan wordt het interessant, want je kan vanuit een andere blik naar een stad kijken."

Deistige saken en bewegingen

De dûnsers freegje dielnimmers nei de deistige saken en bewegingen. Hoe't ien is as persoan. "Het gaat echt over hoe je zit, staat en loopt. Hoe je misschien op de grond zit of hoe je slaapt", leit dûnser Wies Berkhout út.
Dûnser leit bewegingen fêst foar argyf © Hanneke Wetzer / Katja Heitmann
"We slaan die informatie op in ons lijf. Omdat Motus Mori gaat over een bewegingsarchief, vragen we er naar hoe hun beweging zich in hun lijf manifesteert, hoe hun lichaam ook als archief functioneert. Dus ook naar herinneringen of bewegingen die zijn veranderd of die zijn meegenomen uit hun jeugd naar volwassenheid."
In ieder mens zit een soort bewegingserfgoed. Ik wilde kijken of ik dat kan vatten.
Katja Heitmann
Heitmann kaam op it idee nei't har heit ferstoar en se eins neat as oantinken hie. "Om houvast te zoeken deed ik zijn bewegingen na. Ik zag op straat iemand lopen, van wie ik dacht dat zou mijn vader kunnen zijn. Toen draaide die om en dacht ik: o, nee. Maar ik besefte: het zit in die ronde rug, die voeten een beetje uitgebreid en het hoofd hoog gehouden."
"Toen merkte ik dat er eigenlijk in ieder mens een soort bewegingserfgoed zit. Alleen daar wordt heel weinig aandacht aan besteed. Als die persoon weg is, is het heel erg aanwezig in je eigen zijn. Dat is soms heel moeilijk te vatten. Ik wilde kijken of ik dat kan vatten."
Bewegingsynterview foar Motus Mori © Hanneke Wetzer / Katja Heitmann
Heitmann sil oant en mei takom jier oan it argyf wurkje en dan werom nei de stêden komme mei dûnsfoarstellingen. Sa wie se ûnder oaren yn Maastricht, Eindhoven, Brugge, Düsseldorf en Madrid.
Publyk kin de foarstellingen yn Ljouwert noch oant en mei snein sjen yn keunstromte H47 yn de Haniasteeg.