DINGtiid uteret soargen oer besunigingen op it Frysk: "It giet ek om it sinjaal"

Foarsitter Jan Koster fan DINGtiid © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Advysburo DINGtiid makket him grutte soargen oer de oankundige besunigings fan de provinsjale polityk op it Frysk. Deputearre Steaten kundige koartlyn besunigings oan dy't yn 2025 yngean moatte.
De provinsje jout no alle jierren noch 10 miljoen út oan Fryske taal en kultuer. Der moat no struktureel 1,6 miljoen euro ôf, seit Deputearre Steaten. Dat kin mooglik noch mear wurde, al is it noch net dúdlik wêr't op besunige wurde sil. "Konkreet ha wy gjin idee hokker kant it út gean kin", seit Jan Koster, foarsitter fan DINGtiid.
"In soad ynstellings kinne rekke wurde. We witte dat de provinsje yn 2025 jild knipe wol, mar net op hokker wize dat dan bart en hokker ynstelling it kwytrekket. De provinsje moat der mear dúdlikheid oer jaan."
Mei it brief hopet DINGtiid in antwurd op dy fraach te krijen.
DINGtiid hat grutte soargen oer de besunigingen op it Frysk
Mar op dy fraach krijt Koster foarearst gjin dúdlik antwurd. Deputearre Sietske Poepjes sels wit dat nammentlik ek noch net. Sy wol yn oerlis mei de belutsen organisaasjes om mei-inoar te betinken wêr't dy besunigings plakha sille.

Mei it fjild beprate

Dat dizze besunigings net rymje mei de ambysjes dy't de provinsje hat mei it Frysk, jout de deputearre wol ta. Mar neffens har kin it net oars: "Wy binne in bestjoer fan in provinsje en wolle mei alle partijen om tafel foardat wy wat sizze kinne. It is better dat net in pear deputearren dat bepale, mar dat je mei it fjild besprekke hokker organisaasje wat ynleverje kin."
Dat duorret efkes, seit Poepjes. "En der is net samar in kar makke wêr't wy dan op besunigje sille. Ik kin begripe dat der panyk is yn it fjild, mar wy moatte earst mei ús allen om tafel. It hat tiid nedich. Wy moatte de bek nei de byt sette. Der moat wol wat barre, want wy moatte besunigje. Hoe't dat komt is noch net dúdlik."
Jan Koster fan DINGtiid en deputearre Sietske Poepjes
Koster tinkt dat de finânsjes net de iennige problemen binne by de besunigings. "It giet ek om it sinjaal dat je ôfjouwe oan it Ryk. De provinsje moat altyd opbokse foar bettere taal en kultuer en mear stipe. As je dan sels al besunigje, hoe wichtich fine je de taal dan? It Ryk jout dan ek neat mear. Der binne wy wol benaud foar."
Deputearre Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
Neffens Poepjes binne dy soargen net terjochte. "Wy jouwe as provinsje al in hiel soad út oan taal. As dat minder wurdt dan is dat spitich, mar dochs bliuwt der noch in soad oer. Dat sjocht it Ryk ek. Sy witte hoe wichtich wy de taal fine."
Yn de hjerst wurdt definityf besletten op hokker organisaasje of wize besunige wurde sil.