Ravaazje op betinkplak foar ferstoarne Andries út Boelensloane: "It is sa spikerhurd"

It fernielde betinkplak © Plysje
It betinkplak foar de ferline jier troch in plysjekûgel ferstoarne Andries Booi út Boelensloane is fernield. "Echt alles is dwerstroch slein, wy soene echt net witte wa't dit op syn of har gewisse hat", fertelt mem Ypie Booi.
Tiisdei oerdeis, op de bertedei fan Andries en teffens de jierdei fan mem Ypie, hat de famylje noch stilstien by it betinkplak. "Yn 'e middei ha syn freonen noch in tal boeketten brocht en ek foto's. De jûn binne myn man en ik noch hinne gien om alles fan wetter te foarsjen, want it wie tige waarm."
Om in oere as 21.30 giene de âlden werom nei hûs ta, mar de oare moarns krigen se besite fan in man dy't flakby it betinkplak wennet. "Jim moatte nei it betinkplak ta, want der is in soad skea."
De lokaasje dêr't Andries Booi ferline jier ferstoar © RTV NOF, Ben de Jager
Fuortendaliks binne Andries syn âlden nei it betinkplak ta riden en dêr troffen se in ravaazje oan. "De blommen wiene út it papier helle en it papier is der earne wer tusken drukt. Ek in soad koppen fan de blommen binne der ôfskuord. Dêrneist wiene ek de fotolistjes fernield."
Mem Ypie docht in oprop oan de dieder(s). "Lit se earlik sizze 'wy ha it dien'. Se moatte no ek flink wêze en nei ús ta komme, of har melde by de plysje."
Tiid om te rouwen ha we noch net hân.
Ypie Booi
It is foar de âlden, dy't ûnderwilens mear as tsien moannen wachtsje op de útkomsten fan it Ryksresjerzjeûndersyk, in swiere en emosjonele tiid. De ûndúdlikens oer wat der dy nacht barde doe't harren soan deamakke waard troch in plysjekûgel hakt der noch altyd yn. "Tiid om te rouwen ha we noch net hân."

"It is gewoan sa hurd, spikerhurd"

Alles like in koarte tiid wat rêstiger te wurden, oant in pear wiken lyn, doe't de plysje by It Hearrenfean op in trekkerbestjoerder skeat. "Je tinke der altyd oan, mar dan belibje je alles wer op 'e nij."
Dêr komt no it ferhaal fan it fernielde betinkmonumint rap efteroan. "It is gewoan sa hurd, spikerhurd... En boppe-al sa respektleas, dit binne gjin minsken."
De famylje Booi hat it betinkplak yntusken wer opknapt. Fan in saak út Surhústerfean ha se ferskate bosken blommen krigen, dy ha no in kreas plak oan De Fjouwer Roeden yn Boelensloane.
Dat dit yn ús gemeente bard is, kin ik net befetsje.
Boargemaster Oebele Brouwer
Boargemaster Oebele Brouwer sprekt fan in ferskriklik barren. "It plak dêr't de neibesteanden fan Andries Booi tochten him betinke te kinnen, is kompleet fernield. Totaal respektleas fyn ik dat. Dat dit yn ús gemeente bard is, kin ik net befetsje."
It betinkplak is mei tastimming fan de gemeente op de Fjouwer Roeden yn Boelensloane pleatst.
De plysje Noardeast-Fryslân is ûnderwilens mei in ûndersyk begûn nei de fernielings oan it betinkplak. De famylje Booi hat oanjefte dien fan de fernielings.
RTV NOF makke koart nei it barren ûndersteande reportaazje mei twa freonen fan Andries Booi: