Alde finzenis yn Feanhuzen wurdt needopfang foar asylsikers

De âlde finzenis yn Feanhuzen © ANP
De âlde, leechsteande finzenis yn Feanhuzen wurdt brûkt as needopfang foar asylsikers. Der moat plak komme foar maksimaal 140 minsken, dy't dêr yn augustus en septimber opfongen wurde.
"De situatie in het overvolle aanmeldcentrum voor asielzoekers in Ter Apel is schrijnend. Mensen moeten daar de nacht buiten en op stoelen doorbrengen. Ik zie het als onze humanitaire plicht om te helpen", seit boargemaster Klaas Smid fan de gemeente Noordenveld, dêr't Feanhuzen yn leit.
Nei 1 oktober is de Bankenbosch net mear beskikber omdat de oare finzenissen yn Feanhuzen dan op de skop geane. Boppedat binne gemeenten dan net mear ree om it Ryk te helpen by krisisneedopfang foar flechtlingen.