'Simmer yn Fryslân' is by in koperslagger yn Twizelerheide

Simmer yn Twizelerheide
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we tongersdei yn Twizelerheide. Dêr sjocht ferslachjouwer Johanna Brinkman by koperslagger Tjipke van der Velde. Hy makket de moaiste produkten fan koper en is ferneamd fan syn pofferkeplaten. Unike opdrachten fynt er it moaist.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Freed 22 july is Omrop Fryslân yn Spannum. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.