Doch mei oan de Omrop Fryslân Skûtsjepool

Wa sil dit jier it skûtsjesilen winne? De echte leafhawwer en skûtsjekenner docht mei oan de Skûtsjepool.
© Martin de Jong

Unyk sylarranzjemint

In de wiken fan de SKS en de IFKS kin elkenien wer alle dagen de nûmers 1, 2 en 3 fan de wedstriid foarsizze. Alle wedstryddagen makkest kâns op in 'unyk sylarranzjemint foar twa persoanen'. Op de slotdei fan Simmer yn Fryslân, snein 28 augustus, stappe alle deiwinners oan board mei trûbadoer Piter Wilkens en skipper Age Veldboom foar in tocht troch de Alde Feanen by Earnewâld. Mei in rûnlieding troch it skûtsjemuseum en de live-útstjoering op Omrop Fryslân, wurdt dit in dei om nea te ferjitten.

Skûtsjebokaal

Doch dyn foarsizzing alle dagen oan it 10-minuten skot (14.00 oere) falt, harkje nei it programma Underweis tusken 16.00 en 18.00 oere en hear wa de deiwinner wurden is. Wa oan it ein fan de SKS of IFKS de bêste foarsizzingen dien hat oer de hiele perioade, dy makket neist it sylarranzjemint ek nochris kâns op de Skûtsjebokaal.
Dochsto dit jier ek mei? Gean dan gau nei Omropfryslan.nl/skutsjesilen en folje de pool yn, wa wit sjogge we dy dan op 28 augustus. Sukses!