Freek de Jonge riedt him ta op Domela Passie yn Nij Beets: "Ik vind het eervol"

Freek de Jonge en Meindert Talma by de generale repetysje © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Op it terrein fan it Damshûs yn Nij Beets wie de generale repetysje foar de Domela Passie, it stik fan Meindert Talma dat fan tongersdei ôf opfierd wurdt. Freek de Jonge is ferteller en fynt dat earfol.
De Domela Passie is al earder útfierd, mar noch net yn dizze foarm. Kaberetier De Jonge nimt de rol op him om te reflektearjen en te fertellen. Hy hat eigen teksten tapast op de teksten fan Meindert Talma.
Talma sels hat der betrouwen yn. "Wy hawwe de foarstelling ek faak spile. It lêste jier fansels net, mar ik haw flink oan it oefenjen west thús. De oare muzikanten ek, dus dat komt wol goed."
De lêste repetysje foar de Domela Passie mei Freek de Jonge
Hy is bliid mei de stipe fan Freek de Jonge. "Hy bringt refleksje oan by de nûmers. Wy binne noch folslein yn it ûnwisse wat syn ferhalen oanbelanget. Hy hat my sân wurden maild, lykas: slagboom, het kistje, dood vogeltje. Dat is it iennige wat ik wit. Ik bin benijd."
Freek de Jonge as ferteller © Omrop Fryslân, Willem de Vries
De Jonge hoegde net lang nei te tinken oer it putsje. "Ik vind het eigenlijk wel eervol. Ik vind Domela Nieuwenhuis een bewonderenswaardige figuur en Meindert is niet iemand die voor het grote publiek gaat. Daar voel ik mij ook erg toe aangesloten. Dus het is een mooi exclusief project."
Ferslachjouwer Willem de Vries yn Nij Beets
Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919) wie in sosjalistyske en letter anargistyske foarman: fan ein jierren 1870 ôf besocht hy mear rjochten foar arbeiders foarinoar te krijen. Hy hie in soad oanhing yn Fryslân en is noch altyd bekend.

Garisma fan in dûmnyssoan

De Jonge sels neamt Domela in 'geweldige man.' "Een charismatische persoonlijkheid, de zoon van een dominee." In oerienkomst mei De Jonge sels, dy't opgroeide as soan fan in herfoarme dûmny yn Zaandam.
De teksten wurde noch efkes trochnaam © Omrop Fryslân, Willem de Vries
"Op de een of andere manier ben je dan geëngageerd door het werk van je vader. Het pastorale gedeelte vooral", sa tinkt Freek de Jonge. "Je hebt toch een beetje het gevoel alsof je de wereld moet verbeteren."
Domela wie syn tiid fier foarút, seit De Jonge. "Want halverwege de negentiende eeuw was er op dat gebied nog niets. Hij liep weg uit de kerk als predikant, wat een heel statement was. Hij werd voorman van de socialistische beweging in Nederland."
De Domela Passie is yn 2019 skreaun, doe't it hûndert jier lyn wie dat Domela ferstoarn wie. De lokaasjefoarstelling wurdt no tusken de lytse arbeidershúskes fan It Damshûs opfierd, mei in koar, band en strikers. De foarstelling wurdt spile fan tongersdei oant en mei snein.
Yn it Omrop Fryslân-programma Noardewyn is tongersdeitejûn wiidweidich omtinken foar Freek de Jonge mei in lange reportaazje.