Justysje easket 180 oeren taakstraf tsjin tsien manlju foar knal mei karbidkanon op De Jouwer

De skea wie grut oan Hotel Anne-Klare © Martin de Jong Fotografie
Tsjin de tsien manlju dy't hjoed foar de rjochter steane foar it knallen fan in karbidkanon op De Jouwer is 180 oere taakstraf easke en in selstraf fan twa moanne ûnder betingst.
Neffens offisier fan justysje Bas Rademacher is "hier geen sprake van een ongelukje, maar van doelbewust en gevaarlijk handelen. Het gaat niet om een kwajongensstreek, het was een domme en gevaarlijke actie. Het is een wonder dat het bij materiële schade is gebleven, het had zomaar anders kunnen aflopen."
It foarfal gebeurde twa jier lyn op âldjiersjûn. Se wurde derfan fertocht dat se mei de jarretank skea oanbrocht ha oan winkels, huzen, in hotel en auto's.
De saak soarge foar in soad opskuor. Tsjûgen sizze dat se der lang lêst fan hân hawwe. Sels binne de fertochten ek skrokken fan wat as 'ludike aksje' bedoeld wie. "Bliksem, der is wol wat bard."
180 oeren wurkstraf easke tsjin fertochten karbidkanon De Jouwer
De manlju fan tusken de 22 en 29 jier komme fan De Jouwer en omkriten. Se melden har in dei nei de eksploazje by de plysje en fertelden dat it 'per ongeluk was gebeurd'.
Se ûntkenne it sels ôffjurre te hawwen, it soe spontaan bard wêze. Ek advokaat Tjalling van der Goot seit dat der gjin sprake fan opsetsin is, mar fan 'in dom ûngelok'. "Ze wilden het kanon afschieten in het park, maar door onverklaarbare oorzaak is het anders gelopen."
Van der Goot seit dat de fertochten harren ferantwurdlikheid nommen ha. "Ze melden zichzelf bij de politie en regelen zelf de schade-afhandeling. Dat is een zeldzaamheid, dat zie je bijna nooit. Ik zie ze dan ook als eerlijke jongens met het hart op de goede plek."
De advokaat begrypt net wêrom't der gjin technysk ûndersyk dien is nei de oarsaak. "Waarom is dat niet gebeurd? Het kan zomaar zijn dat de explosie door statische elektriciteit is ontstaan." De advokaat easke frijspraak foar alle fertochten.

Justysje giet wol út fan opsetsin

Neffens de offisier fan justysje wie der wol sprake fan opsetsin. "Er was een gezamenlijk plan. De verdachten doen vlak voor de explosie de handen voor de oren en gaan op veilige afstand staan. Bovendien beginnen ze te filmen, omdat ze iets verwachten. Ze hebben willens en weten de explosie veroorzaakt."
De manlju ha neffens justysje mei syn allen ôfpraat wat se sizze soene tsjin de plysje. "Ze hebben zich verantwoordelijk getoond voor de schade maar aan de andere kant niet voor wat ze hebben gedaan."
It glês lei oeral op strjitte troch it karbidkanon © Hotel Anne-Klare op De Jouwer
Lang net eltsenien dy't derby belutsen wie, stapte nei de plysje. "Wy wiene wol mei 25 oant 30 man", seit de bestjoerder fan de auto dy't de jarretank nei De Jouwer luts. "Ik fyn it spitich dat dy oaren harren net meld ha. En dêr ha we ek wol spul om hân."
De bedoeling wie earst om yn park Herema State te sjitten, mar it park wie ticht. Doe is de groep fierder riden. Der siet fiif kilo karbid yn de tank.

"We moeten hier weg"

Op grûn fan kamerabylden fan in kameradoarbel sjocht de plysje dat it ferhaal oars is as dat de manlju sizze. "Vingers in de oren, we moeten hier weg", hearre tsjûgen. Ek makket ien fan de fertochten in filmke en set it yn de groepschat.
"Het lijkt wel alsof het afgesproken is", sei rjochter Jolanda Lootsma. Ien fan de fertochten: "Dat is net sa. Ik snap net hoe't it ûntploft is." In oare fertochte: "It is spontaan ûntploft, op in hiel ûngelokkich plak." In tredde ferwurde it sa: "In goed mislearre grap."

Skea oan hotel en gasten

De eksploazje hat op de minsken dy't it meimakke hawwe in soad yndruk makke. Benammen de 14 gasten fan Hotel Anne-Klare hiene wiken nei de knal noch lêst. It hotel rekke swier skansearre.
"Ik zag dat het voertuig met de giertank eraan kwam. De jongens deden de vingers in hun oren en opeens vloog er van alles door de lucht. Alsof ik een klap op mijn borst kreeg", wurdt der sein. In oar lit witte: "De dakpannen vlogen eraf en glassplinters gingen door de lucht. Ik beleefde het elke nacht opnieuw, dan schrok ik in paniek wakker."

Ynsammelaksjes

Neffens de eigener fan Hotel Anne-Klare is it in wûnder dat der gjin ferwûnen fallen binne. It hotel rûn neffens him 20.000 euro skea op. Foar him is op De Jouwer in donearaksje holden nei de jierwiksel.
Mar ek foar de fertochten wie in ynsammelaksje, opset troch Jousters dy't de manlju stypje woene. Sy woene sa harren wurdearring sjen litte foar it feit dat se sels nei de plysje stapt binne.

Skea betelle

De fertochten hawwe yntusken mei syn allen jild byinoar brocht en de skea betelle. "Wy woene it sels ek fiele yn 'e beurs en it nei allinne met it jild fan de aksje betelje", sei ien fan de fertochten.
Ek betelje se 800 euro oan in ynwenner fan Dordrecht dy't doe op De Jouwer te gast wie, by syn freondinne. Hy hat noch lêst fan de knal. "Mijn gehoor is verslechterd, ik hoor de hoge tonen niet meer. Ik heb ook een evenwichtsstoornis ontwikkeld. Ik roep de verdachten op: wordt kerels. Neem niet alleen de verantwoordelijkheid voor de schade maar ook voor de daad."
De eigener hat twa wiken lyn in brief stjoerd nei de rjochtbank wêryn't er stelt dat wat him oanbelanget de fertochten net ferfolge hoege te worden.
De rjochter hat oanjûn dat ferantwurdlikens nimme ek strafrjochtlik ferantwurdlikens nimme betsjutte moat.