'Simmer yn Fryslân' is by in bakker yn Wytgaard

Simmer yn Wytgaard
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we woansdei yn Wytgaard. Dêr sjocht ferslachjouwer Johanna Brinkman by taartebakker Frederika. Se is dwaande mei in breidstaart en lit har rûne tompoesrollen sjen.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus, giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Tongersdei 21 july is Omrop Fryslân yn Twizelerheide. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.