Provinsjale pot ekstra ferduorsumingsjild foar huzen is leech

sinnepanielen pleatse © ANP
De provinsje jout gjin oanfoljende subsydzje mear oan wenningeigeners om huzen enerzjysuniger te meitsjen. De jildpot dêrfoar is leech. De subsydzje wie foar Friezen dy't fan it Ryk ek al in ferduorsumingsbydrage krijen. De provinsje joech der 10% op ta.
It provinsjale enerzjyprojekt rint sûnt it jier 2020. Mei-inoar goed trijetûzen wenten binne mei 'de Fryske plus' duorsumer makke.
Friezen dy't by it Ryk subsydzje oanfreegje, koene by de provinsje 10% ekstra subydzje derop ta krije op de Ryksbydrage. Der is mei-inoar 3,2 miljoen euro oan Fryske oanfregers takend. Troch it hege tal oanfragen by de provinsje s it subsydzjeplafond foar de ein fan de rintiid fan de regeling no al berikt.
Fanwegen de grutte tarin ferhege it kolleezje fan DS yn maart 2022 it subsydzjebedrach al in kear mei 250.000 euro.
Enerzjydeputearre Sietske Poepjes fynt it spitich dat in part fan de Fryske oanfregers no achter it net fisket by de provinsje. "Wy komme ynkoarten mei it Frysk Oanfalsplan Isolaasje. Dêrmei hoopje we de Fryske ferduorsuming wer in nije stimulâns te jaan", seit de deputearre.
Hoe hite de regelingen krekt?
De Ryksregeling Investeringssubsidie duurzame energie en energiebesparing (ISDE), of de Subsidie energiebesparing eigen huis (SEEH) rint noch wol troch. By it Ryk en de provinsje Fryslân stean der wol wer in tal nije kampanjes foar ferduorsuming op priemmen.
De Fryske subsydzjepot hjit it Fryske Oanfalsplan Enerzjybesparring en de subsydzje de Extra tegemoetkoming voor woningeigenaren provincie Fryslân.