Harkemase Boys frijlotte yn earste kwalifikaasjeronde KNVB-beker

Jelle de Graaf fan Harkemase Boys © Orange Pictures
De iennige Fryske amateurklup yn de KNVB-beker, Harkemase Boys, hoecht de earste kwalifikaasjeronde net yn aksje te kommen. De treddedivyzjonist is frijlotte.
Foardat de profklups ynstreame yn it bekertoernoai, spylje de amateurklups twa kwalifikaasjerondes. Foar de earste ronde binne de Harkiten no frijlotte.
Nei de earste kwalifikaasjeronde komt pas de lotting foar de twadde ronde. Dêryn is Harkemase Boys ien fan de tritich klups.
Ferline jier oerlibbe Harkemase Boys de kwalifikaasjerondes. Dêrnei fersloegen de Harkiten yn de earste ronde DOVO. Yn de twadde ronde wie RKC Waalwijk te sterk.
De twa Fryske profklups sc Hearrenfean en SC Cambuur streame nei de kwalifikaasjerondes yn.