Omrop Fryslân bringt streekrjocht it skûtsjesilen

© Omrop Fryslân
Dit jier barst de striid ûnder de skûtsjes wer los en dat wurdt troch Omrop Fryslân wer as fan âlds live yn byld brocht, mei streekrjocht en yntegraal kommentaar live op lokaasje. Der wurdt foar it earst wurke mei dronebylden, om sa de skûtsjes noch better in byld te bringen.

Live op telefyzje en radio

De wedstriden binne sûnder ûnderbrekkingen live op telefyzje en radio te folgjen mei streekrjocht kommentaar. By de wedstriden binne der foar- en neibeskôgingen op lokaasje troch presintator Arjen de Boer. Nij dit jier is dat der ûnder de wedstriid ynterviews mei de skippers te sjen binne.
''It skûtsjesilen is it grutste sportevenemint fan Fryslân en foar sa folle minsken it hichtepunt fan de simmer. As Omrop Fryslân wolst dêrby wêze en ik fyn it geweldich om dat gefoel wer by de minsken thús te bringen. Hielendal nei de ôfrûne twa jier fielst dat minsken der wer nei snakke, as kij dy't foar it earst de greide wer yn meie'', seit presintator Arjen de Boer.

Dronebylden en skûtsjepool

Foar it earst wurdt der dit jier troch Omrop Fryslân wurke mei dronebylden by it skûtsjesilen. Dêrmei kinne de skûtsjes noch better yn byld brocht wurde. Meidwaan oan de skûtsjepool kin dit jier ek wer. Foarsis hokker skipper dy dei de winst pakt en meitsje alle dagen kâns op in unyk sylarranzjemint foar twa persoanen troch de Alde Feanen by Earnewâld.

Altyd streekrjocht op radio

Fertroude stimmen Gjalt de Jong en Geartsje de Vries dogge, live fan it wedstriidwetter ôf, ferslach fan it SKS skûtsjesilen op de radio. Foar de IFKS wurdt Geartsje ôflost troch Andor Faber. De IFKS is fierder te folgjen yn in deistich IFKS-sjoernaal. Dêryn giet presintatrise Maaike van der Hoek op syk nei de ferhalen efter de float. Dit jier stjoert Omrop Fryslân gjin livebylden út fan de IFKS.
Sjoch foar alle ynformaasje op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.
Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk: publyk@omropfryslan.nl of (058) 229 78 76.
It folsleine parseberjocht is hjir te downloaden.