'Getijdenwijzer' moat fersteuring fan waadfûgels by de Westhoek tsjingean

By de Westhoek kinst fan woansdei ôf op in peal sjen oftst no better wol of net de kwelder en it Waad opgean kinst. In saneamde 'Getijdenwijzer' fertelt besikers mei live ynformaasje oft op dat stuit waadfûgels rêste yn de kwelder.
De tijwizer op de ynformaasjepeal is in projekt fan It Fryske Gea en de Fûgelbeskerming. Foar safier't it de organisaasjes bekend is, is de peal unyk. "We hebben contact gehad met mensen in China, Australië en Canada, op verschillende plekken waar je ook te maken hebt met dit soort natuur, opkomend getij en steltlopers", seit Arnold van Kreveld fan de Fûgelbeskerming. "Dit soort oplossingen zijn nog niet eerder toegepast."
Neffens him binne de peallen it effektyfst op plakken oan de kust dêr't genôch romte is foar minsken. Sy soene dan yn de buert komme kinne fan rêstgebieten fan fûgels.
"Als het water laag staat, kunnen de vogels op de slikken terecht om te eten. Op het moment dat het water omhoog komt moet ze rusten en energie bewaren." As minsken it gebiet ynrinne as de fûgels rêst nimme, kinne de fûgels ûnbedoeld de loft yn jage wurde, leit Van Kreveld út.
Underlizzend systeem
"Het wordt nog spannend, hij moet natuurlijk nog werken." It ûnderlizzende systeem is noch bêst yngewikkeld. Om de peal wurkje te litten wurdt de wetterstân by Harns omrekkene nei de stân by de Westhoek. "De eerste weken wordt misschien nog even afstemmen."
Der sil nei in skoftsje ek oan de minsken frege wurde wat se fan de peal fine. It wichtichste doel is lykwols it foarkommen fan fersteuring. Dêrom is der twa jier lyn in nulmjitting dien. "We gaan kijken wat dit doet voor de verstoring."
In peal mei live ynformaasje om minsken út rêstgebiet te hâlden liket in ienfâldige oplossing. "Toch hebben we er wel lang over gedaan om dit te bedenken", fertelt Van Kreveld. "Voor elke andere oplossing konden we wel weer een nadeel bedenken."