Jan Teade Kooistra fan LTO: "Kabinet hat gjin ferstân fan lânbou en natuer"

© Shutterstock.com (Toa55)
De Fryske polityk en lânbou binne net bot ûnder de yndruk fan de tasizzings fan minister van Natuer en Stikstof, Christianne van der Wal. De tasizzings steane yn in brief dy't in hânrikking is oan de boeren en oan de provinsjes om it oerlis oer stikstof flot te lûken. Mar dêr is noch wol wat mear foar nedich sa liket it. De provinsje sjocht wol oanknopingspunten.
Yn de brief is te lêzen dat der gjin hûzen boud wurde op grûn fan boeren dy't opkocht wurde. It beruchte kleurkaartsje is fan tafel. Foar herstel fan de natuer moat nei folle mear sjoen wurde as allinnich stikstofdelslach. Fan elk gebiet moat apart besjoen wurde wat der barre moat. En stikstofromte dy't frij komt kin brûkt wurde foar in natuerfergunning foar boeren dy't allinnich in melding dien hawwe fan de stikstofútstjit (de PAS melders) mar oant no ta gjin fergunning hawwe.
Deputearre Douwe Hoogland sjocht yn de brief it bewiis dat de minister goed harke hat nei de moasjes dy't de Keamer yntsjinne hat en ek nei de beswieren fan de provinsjes. "Op bepaalde punten is se ús wol temjitte kaam en om ta útfiering fan har plannen te kommen. Dat sjoch ik wol."
Jan Taede Kooistra © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Ek CDA steatelid Anne Schelhaas sjocht oanknopingspunten. "Dizze brief is better as dy fan 10 juny mar we binne der noch lang net. De wize wêrop't se it seit, kin dúdliker sadat eltsenien wit wat se no krekt wol. We hâlde dit goed yn 'e gaten."

"Gebrek oan lânboukennis"

Foar Jan Teade Kooistra sit der net folle nijs yn de brief. "Se moatte no noch yn kaart bringen hoe't de natuer der foar stiet. En se wolle nei de keten sjen om de lânbou hinne. Dêr wie Schouten (de foarige minister fan lânbou, red.) ek al mei dwaande. Sykje dêr earst ris nei.
Kooistra hat net in hege pet op fan de kennis fan Van der Wal. En ek net fan premier Rutte en lânbouminister Staghouwer. "Se hawwe eins gjin ferstân fan lânbou en ek net fan natuer. Minister Staghouwer sil ús helpe mei de transysje en mei kringlooplânbou. Ik tink dat hy kwealik wit wat dat is. Kollega's fan my dy't yn Den Haach prate binne ek teloarsteld oer it gebrek oan lânboukennis."
LTO is net ûnder de yndruk fan in nije brief fan stikstofminister Van der Wal
In soad fan de oanpassings yn de brief fan Van der Wal binne min as te mear ferstoppe. Mar se binne fan grut belang. De kleuren op it kaartsje en de reduksjedoelen dy't dêr by hearre binne fiersten te koart troch de bocht sa docht bliken út de brief. Dy doelstellings kinne allinnich steld wurde as der earst goed sjoen wurdt nei in spesifyk gebiet en alle faktoaren dy't yn dat gebiet in rol spylje by it yn stân hâlden fan de natuer. Dat is folle mear as allinnich de stikstofútstjit.

KDW fan tafel

Neffens de minister moat net allinnich sjoen wurde nei stikstofreduksje mar ek nei oare saken sa as behear, ferdrûging en ferstoaring. Dit alles byelkoar moat soargje foar it herstel fan de natuer en net allinnich de hoemannichheid stikstof dy't der op falt.
Dat betsjut dat de Kritische Depositie Waarde (de waarde dy't oanhâlden wurdt as drompel wêrboppe de delslach fan stikstof skealik is foar de natuer), de KDW, as mjitynstrumint foar natuerherstel fan tafel is. It kin bêst wêze dat der tefolle stikstof op in gebiet falt mar dat der troch goed behear toch sprake is fan sûne natuer. En dat is it iennige dat telt, seit de minister.
© ANP

Subsydzje foar ynnovaasje

Van der Wal wiist yn de brief ek op de mooglikheden fan ynnovaasje yn de lânbou. Nei de simmer wol it kabinet mei de provinsjes apart ôfspraken meitsje oer subsydzje hjirfoar. In ynnovaasjegesant fan de oerheid moat hjir ynfolling oan jaan. In ekologycoach moat it hiele proses begeliede en kontrolearje. Sa'n coach wurdt yn septimber beneamd.
Kooistra sjocht nettsjinsteande de hânrikkings yn de brief net folle reden om wer oan tafel te gean mei it kabinet. "De minister moat ús mear romte jaan en mear tiid. Prate hat sa gjin sin. By de provinsje sjogge se oanknopingspunten foar de takomst. Wy gean fierder mei ús gebietsrjochte oanpak en dêrby gean we út fan in tiidspaad oant 2035", seit Hoogland.
"Ik hoopje echt dat alle partijen wer mei ús oan tafel gean. Allinnich meielkoar kinne we it oplosse." Hoogland is der net fan ûnder de yndruk dat it kabinet fêst hâldt oan 50 persint stikstofreduksje yn 2030, dus flugger as de provinsje wol. "Dêr moatte we it noch mar ris oer ha."
Jan Teade Kooistra (LTO) oer de lêste keamerbrief fan minister Van der Wal