Omrop Fryslân bringt streekrjocht it skûtsjesilen

© Omrop Fryslân
Dit jier barst de striid tusken de skûtsjes wer los en dat wurdt troch Omrop Fryslân as fan âlds live yn byld brocht, mei streekrjocht en yntegraal kommentaar live op lokaasje. Der wurdt foar it earst wurke mei dronebylden, om sa de skûtsjes noch better yn byld te bringen.

SKS live op telefyzje en radio

Omrop Fryslân bringt it SKS skûtsjesilen sûnder ûnderbrekkingen live op telefyzje en radio, mei dêrby streekrjocht kommentaar. By de wedstriden binne der foar- en neibeskôgingen op lokaasje troch presintator Arjen de Boer. Nij dit jier is dat der ûnder de wedstriid ynterviews mei de skippers te sjen en te hearren binne. Fertroude stimmen Gjalt de Jong en Geartsje de Vries dogge, live fan it wedstriidwetter ôf, ferslach fan it SKS skûtsjesilen op de radio.

Dronebylden en skûtsjepool

Foar it earst wurdt der dit jier troch Omrop Fryslân wurke mei dronebylden by it skûtsjesilen. Dêrmei kinne de skûtsjes noch better yn byld brocht wurde. Meidwaan oan de skûtsjepool kin dit jier ek wer. Foarsis hokker skipper dy dei de winst pakt en meitsje alle dagen kâns op in unyk sylarranzjemint foar twa persoanen troch de Alde Feanen by Earnewâld. Meidwaan of mear ynformaasje? Sjoch op omropfryslan.nl/skutsjesilen.

IFKS-sjoernaal

De IFKS is dit jier live te folgjen op radio, Geartsje de Vries wurdt ôflost troch Andor Faber. Fierder is de IFKS te folgjen yn in deistich IFKS-sjoernaal. Dêryn giet presintatrise Maaike van der Hoek op syk nei de ferhalen efter de float. Dit jier stjoert Omrop Fryslân gjin livebylden út fan de IFKS.
It skûtsjesilen is fan 30 july oant en mei 12 augustus live te folgjen by Omrop Fryslân. Sjoch foar alle ynformaasje op omropfryslan.nl/skutsjesilen.