Waarman Jan Jonkman: "Waarmterekôrs mooglik, sa waarm wurdt it wol"

Waarman Jan Jonkman © Omrop Fryslân
De termometer sil tiisdei rûnom yn de provinsje boppe de 35 graden útkomme. Dat is de foarsizzing fan waarman Jan Jonkman. Hy ferwachtet in hiele waarme dei mei in soad sinne, in nij waarmterekôr slút er net út.
Moandei hat in part fan de provinsje de 30 graden al oantikke. Tiisdei sil it lykwols pas echt heve. "It wurdt miskien wol de waarmste dei fan it jier", hopet Jonkman. "It is sinne, sinne en nochris sinne, en waarm, waarmer en op syn alderwaarmst."
"It is fannacht wol wat ôfkuolle", seit de waarman. "Rûnom yn de provinsje wie it sa'n 16 graden, yn it súdeasten mei 13 graden sels noch wat koeler."
Mar de temperatuer rint yn 'e rin fan 'e moarn rap op. "De boppelucht is al waarm, op in kilometer hichte is it al 25 graden. Yn kombinaasje mei de sinne is it dat om tsien oere op de grûn ek. Tolve oere kinne we de tropyske grins al slechte ha, en dat rint fan 'e middei noch fierder op nei sa'n 35, 36 graden."

Waarmterekôrs

It iennige plak dêr't it nei alle gedachten in pear graden kâlder bliuwe sil, is op de Waadeilannen. "Mar ek it Waad docht goed mei mei 30 graden. It is ôfwachtsjen oft der hjoed waarmterekôrs brutsen wurde, want sa waarm soe it hjoed wol ris wurde kinne."
Om't de oanfier fan waarme lucht ek moarn noch efkes trochset, sil it jûn mar in bytsje ôfkuolje. "Jûn om tsien oere is it noch 25 graden, fannacht kuollet it net fierder ôf as sa'n 20 graden."

Ofsjen foar minske en bist

Waarman Jonkman wol de Friezen meijaan om rekken te hâlden mei it waar. "It wurdt tiisdei ôfsjen foar minske en bist, dus hâld de regels fan it Hjitteprotokol goed yn de gaten en tink om inoar. Doch rêstich oan."
"Op sa'n dei kinne je yn in kertier ferbrâne", warskôget Jonkman. "En mei de súdeastlike wyn is der ek noch kâns op smog, dat kin wol efkes dreech wurde foar it sykheljen."

Nasjonaal Hjitteplan en koade giel

Fanwegen de waarmte hat it RIVM moandei al it Nasjonaal Hjitteplan yn wurking steld. Dat is in oanpak dy't der op rjochte is om minsken te attindearjen op waarm waar, wêrby't der maatregels naam wurde om kwetsbere groepen lykas âlderein te beskermjen.
It KNMI hat foar it hiele lân koade giel ôfkundige, om't it tropysk waarm wurdt. Koade giel jildt fan moandei 10.00 oere oant tiisdei 22.00 oere. Drink genôch en hâld dysels en dyn hûs koel, advisearret it KNMI.
Woansdei wurdt it wer waarm, seit Jonkman. "Moarn ha we noch hieltyd te krijen mei sinne en oanfier fan hjitte lucht, dan is it noch 28, 29 graden. Earst yn de middei draait de wyn en komt der wat mear bewolking oer en krije we kâns op in bui. Nachts kuollet it op 'e nij net fierder ôf as sa'n 18, 19 graden."
Fan tongersdei ôf wurdt de waarmte wat fuortblaasd, seit Jonkman. Dan wurdt it net folle waarmer as 21 graden, wêrby't de bewolking de oerhân ha sil. "Dan kinne we efkes wat bykomme." It wurdt nachts dan wer goed sliepen, mei in minimumtemperatuer fan 12 graden.
De foarsizzing fan Jan Jonkman