Swimme, fytse, drave: Stefan van der Pal hat Alvestêdetriatlon folbrocht

© Omrop Fryslan
Stefan van der Pal hat syn Alvestêdetriatlon folbrocht. Hy finishte moandei om 15:15 oere op it lêste ûnderdiel. Hy hat fiif dagen swommen, sân oeren fytst en 32,5 oeren draafd.
Mei de aksje hat Van der Pal 58.887 euro ophelle foar Stichting Semmy, dy't him ynset foar ûndersyk nei harsenstamkanker by bern. Oant de lêste minuten fan de triatlon waard der troch minsken donearre.
Sjonger Syb van der Ploeg soarge foar sfear by de finish, troch te sjongen. Hy hie de teksten oanlevere op de buordsjes, dy't Van der Pal troch de provinsje hinne ophongen hie. Ek is John Emmerik by de finish: de heit fan Semmy, it jonkje dat yn 2007 op 5-jierrige leeftiid ferstoar oan in tumor yn de harsenstam. Hy is de oprjochter fan de Stichting Semmy, dêr't it jild fan dizze aksje hinne giet.
En sy binne net de ienigen: tsientallen minsken stiene Van der Pal op te wachtsjen by it WTC Expo. Gjin bobo's mar gewoane minsken. En neffens ferslachjouwer Hayo Bootsma, past dat ek wol by Van der Pal, bysûnder mar ek hiel gewoan. Mei in grutte wolkomsbôge, en in grut applaus waard de topatleet binnenhelle.
"Lekker he!" dat wiene de earste wurden dy't Van der Pal utere, nei't er oer de finish kaam.
© Omrop Fryslan
In wike lyn begûn Van der Pal oan it swimmen fan de Alvestêderûte: in meunstertocht fan mear as 200 kilometer. Moandei om 07.00 oere sprong er yn de Bonkefeart, wat dêrnei folge wiene fiif dagen swimme.

Grinzen ferlizze

Yn de tuskentiid waarden wol powernaps dien en waard der skoft holden om te drinken en flink wat te iten. Woansdei wie in drege dei: Van der Pal krige it kâld, wie wurch, hie te lijen fan skaafwûnen yn syn swimpak en moast in knop omsette. De streaming fan it wetter en de wyn wurken op parten fan de rûte net mei.
Underwilens krige de tocht wol mear omtinken. Der kamen meer supporters te stean op de brêgen dêr't Van der Pal ûndertroch swom. Freed koe hy in flinke slach meitsje en om 19.00 oere finishte hy by it WTC, dêr't hy de nacht trochbringe soe.
It twadde ûnderdiel, de fytstocht, begûn op sneon. Krekt nei achten moarns stapte er op de fyts by it WTC. Yn de nacht koe er wer op krêften komme en de fytstocht wie wol de koartste fan de triatlon, mar dochs hie Van der Pal it swier.

Mislik op de fyts

Hy bleau de hiele dei mislik, nei alle gedachten noch troch de ynspanning fan it swimmen. "Ik heb wel eens lekkerder op de fiets gezeten", sei Van der Pal. De tocht koste sa'n sân oeren, Van der Pal fytste gemiddeld sa'n 30 kilometer de oere.
Van der Pal op de fyts © Martin de Jong
It fytsen gie as it slydjage en sa begûn er sneintemoarn om 06.30 oere mei draven. By de start wie hy noch mislik, mar dat luts geandewei fuort. Nettsjinsteande dat ferwachte Van der Pal wol dat it draven it dreechste ûnderdiel wurde soe.

Drave: it swierste ûnderdiel

"Iedereen zegt dat zwemmen het zwaarste is, maar dat is het echt niet. Het is het langst", joech Van der Pal oan. "Het hardlopen is wat mij betreft het allerpittigst. Ook vanwege de klappen, natuurlijk. Dat wordt nog een dingetje."
It team efter Van der Pal rôp minsken op om nachts in ljochtsje brâne te litten foar de triatleet. "Eltse kear as hy publyk sjocht, libbet hy op", sei syn frou Marianne. "Syn tempo is yntusken wat sakke", fertelde sy snein. "Mar elke stap is der no ien tichteby de finish."
De nacht fan snein op moandei wie dreech, nei Boalsert krige er in dipke. Drave en kuierje waarden ôfwiksele, der waard ferskate kearen in sliepskoft holden. Mei it opkommen fan de sinne kaam ek de moed wer wat werom. Want de einstreek kaam stadichoan yn sicht. "Ik ben blij dat ik er bijna ben", sei Van der Pal.
Mar doe't er tusken de middei yn Snits kaam, hie er de put der wer aardich út. "Ik ben gaar", sei Van der Pal. Fanwegen de hjitte krige hy wiete handoeken en icepacks, mar ek waard de rûte wat ferlein sa't de begelieding him yn 'e gaten hâlde koe.