Van der Pal rûkt de einstreek, mar fjochtet tsjin hjitte en wurgens: "Ik ben gaar"

Stefan van der Pal by Sondel © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De lêste leadsjes weage swierst: Stefan van der Pal hat in drege nacht efter de kiezzen yn it lêste ûnderdiel fan syn Alvestêdetriation. Mar as de dage oan 'e loft komt, komt ek de ein yn sicht. "Ik ben gaar", seit er.
Van der Pal koe moandeitemoarn betiid Sleat fan de list ôfhelje. Om in oer as 08.00 hinne draafde er by Spannenburch. "Ik ben blij dat ik er bijna ben."
"Het gaat nu goed", seit Silvio Theunissen, fan it team efter Van der Pal. "Zondag was eigenlijk best een goede dag tot Bolsward. Daarna kwam er een dipje. We hebben gewandeld en ook wel wat slaappauzes genomen."
Van der Pal yn de omkriten fan Spannenburch © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It heart der by, seit hy. "In de ultrasport zijn er goede en slechte momenten. De slechten hebben we even gehad, maar hij pakt het nu weer goed op. We gaan op naar Leeuwarden."
Folgje Stefan van der Pal syn tocht op de foet: https://elfstedentriatlon-run.legendstracking.com/
Der wurdt jild sammele foar Stichting Semmy, foar ûndersyk nei harsenstamkanker by bern. Op dit stuit is der al mear as 50.000 euro ophelle.
De nacht fan snein op moandei wie in striid. "Het voelt best wel lang. Je wandelt, het gaat niet zoals je wilt, je bent beroerd. Dan duurt zo'n nacht lang. Maar het is nu weer dag, de zon komt erdoorheen. Het komt sowieso goed."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma mei Silvio Theunissen
Dat it goed komt, dêr binne Theunissen en it team fan oertsjûge. "We zijn er altijd van overtuigd geweest dat hij het zou halen. Ik sleep hem naar de finish."
Syb van der Ploeg
Sjonger Syb van der Ploeg kaam moarns ek efkes sjen hoe't Van der Pal it docht. "It is net te leauwen, echt fantastysk. In ymminse prestaasje. Dit soe ik net kinne. Ik haw ea in triatlon dien, dat wie al dreech. Dan binne je 12 oeren oan it sporten, mar dit giet in wike lang al. Der binne net in soad minsken op de wrâld dy't dat kinne."

Support fan Syb van der Ploeg

Van der Ploeg is belutsen by de Alvestêdetriatlon, om't Van der Pal op syn tocht buordsjes ophinget mei sjongteksten fan Van der Ploeg. "Dat idee kaam foar de tocht. Hy woe net stimpelje, mar wat efterlitte. Ut 33 ferskes fan my haw ik tekst helle. De nûmers geane ek allegearre oer hoop, trochsette, wat berikke. Dat is op buordsjes kaam, dy moatte aanst troch hiel Fryslân hingje."
Der moasten noch trije buordsjes ophongen wurde. Dat kostet noch wol in soad enerzjy. "Mentaal is it eltse minút fjochtsje tsjin de pine yn dyn lichem, mar wol mei it ultime doel yn de holle: ik moat it helje."
Van der Pal by Skearnegoutum © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Om healwei tolven hinne wie Van der Pal yn Snits. By de wetterpoarte stie in hiele kloft minsken foar him klear om him oan te moedigjen. De ferwachting is dat Van der Pal om 15.00 oere hinne yn Ljouwert wêze kin.
Van der Pal sels kin al suver net mear út syn wurden komme. "Ik ben gaar. Nog een klein stukje. Ik had gehoopt dat ik dat nog gewoon hardlopend kon doen, maar dat wordt wel heel lastig." Hy hopet dat er gau by it WTC is. "Dat zou fijn zijn, als we daar zijn. Ik ben gaar en klaar."
Stefan van der Pal yn Snits
Syn frou Marianne sjocht ek dat er útput is. "No wurdt it echt pittich. De hjitte en de wurgens nekt him noch efkes."
Fanwege de hjitte is de rûte nei Ljouwert ta wat oanpast. Van der Pal draaft net mear oer it Swettepaad, mar folget de dyk troch Jellum, Bears en Boksum. Sa kin it team him better begeliede. Van der Pal krijt wiete handoeken en icepacks tsjin de waarmte.
Stefan van der Pal troch de earehage yn Weidum © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma