Oandiel froulike wethâlders yn Fryslân relatyf heech

It folslein froulike kolleezje fan Skylge © Gemeente Terschelling
Fryslân hat nei Grinslân it heechtse persintaazje froulike wethâlders. De ferhâlding manlike-froulike wethâlders is lykwols noch lang net lyk. 37,3 persint fan de Fryske wethâlders is frou.
Dit docht bliken út ûndersyk fan de NOS. Fryslân sit dêrby wol flink boppe it lanlik trochsneed dat op 29 persint leit. Yn Drinte binne de minste froulike wethâlders (14,6 persint). Yn Grinslân binne dus de measte, mei in oandiel fan 42,2 persint.

Lokale partijen skoare goed

Yn Fryslân komme 37,5 persint fan de wethâlders fan lokale partijen. Dat is krekt wat heger as it lanlike trochsneed dat op 35,48 persint leit.
It docht bliken dat de lokale partijen der lanlik goed yn slagge binne har winst om te setten yn wethâlderssitten. Mei 31,3 persint fan de stimmen hawwe sy 36,6 persint fan de wethâldersposten binnenhelle. Yn goed acht op de tsien gemeenten yn Nederlân hawwe lokale partijen ien of mear wethâlders krigen.