Confrères Anker: stoer, mar ek kwetsber

Hans en Wim Anker ûnderweis nei Skiermûntseach © Omrop Fryslân
De Fryske strafrjochtadvokaten Wim en Hans Anker binne no in healjier mei pensjoen. Yn diel 2 fan Confrères filmet FryslânDOK de bruorren yn de wiken fan it ôfskied. It falt harren swier.
FryslânDOK 'Confrères' - de bruorren Anker diel 2 op TV
Sneon 16 july NPO2 15.30 oere (werhelling snein 17 july 13.39 oere)
Snein 17 july Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Yn novimber 2021 jouwe de Ankers, yn 'e mande mei kollega Jan Boksem, foar de lêste kear op Skiermûntseach in kursus strafrjocht oan oare advokaten út it hiele lân.
Mei ditsoarte kursussen en lêzingen hawwe de Ankers harren strafrjochtpraktyk yn Ljouwert foar in grut part finansierje kinnen. De measte saken diene se nammentlik pro Deo, dus allinnich betelle mei in lytse fergoeding fan de steat.

Skiermûntseach

Skiermûntseach is it eilân dêr't de bruorkes Anker de earste jierren fan harren libben trochbrochten. Harren heit Jacobus Anker wie dêr boargeamster oant 1956. Doe waard er beneamd ta boargemaster fan Utingeradiel en ferhuze de famylje mei fjouwer bern nei Akkrum.
Hans Anker ûnderweis nei Den Bosch © Omrop Fryslân
Yn desimber 2021 hawwe Wim en Hans Anker harren lêste rjochtssittingen. Wim yn Ljouwert, dêr't hy foar in kliïnt in koartere TBS-ferlinging bepleitet. En Hans yn Den Bosch, dêr't er in kliïnt bystiet dy't fertocht wurdt fan stellerij fan in pet.
Beide saken yllustrearje goed de twa utersten, wêrtusken de Ankers yn har wurk har altyd beweechd hawwe. Se ferdigenen moardners en sededelinkwinten, mar ek de winkeldief en de ynbrekker. Foar de Ankers draaide it net om de aard fan it misdriuw, mar om de minske dy't foar it gerjocht komme moast.
Wim en Hans Anker op kantoar © Omrop Fryslân
Yn de FryslânDOK meitsje de Ankers in begjin mei it opromjen fan harren kantoar. Dat falt net ta, want se hawwe altyd wurke sûnder computer en smartphone. Dat betsjut dat de kasten fol sitte mei papieren dossiers.
Yn de 40 jier dat se advokaat wiene, ha se ek in protte sûvenirs sammele. Se kundigje oan in feiling fan it guod te organisearjen foar it goede doel.
Hans en Wim Anker © Omrop Fryslân
As 'confrères' en as 'frères' binne se har libben lang al in izersterk duo. Dokumintêremakker Karen Bies folget Hans en Wim Anker tidens it ôfskied - dat se trouwens leaver noch in pear jier útsteld hiene. It wurdt in portret fan twa stoere mar ek kwetsbere mannen.