Ek yn Fryslân leine guon it wurk del as protest tsjin it stikstofbelied

© Omrop Fryslân
Boere-aksjegroep Agractie rôp Nederlân freed op om in kertier it wurk del te lizzen. Mei de aksje 'Knoop in je zakdoek' woe Agractie omtinken freegje foar de boeren.
Agractie hope op solidêrens, mei it each op it oankundige stikstofbelied fan it kabinet. Belange-organisaasje LTO, Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt en Farmers Defence Force stiene efter de aksje.
Hoe grut de stipe yn Fryslân wie, falt dreech te sizzen. It giet meast om lytse, lokale aksjes. Wurknimmers fan it leanbedriuw Wassenaar fan Bitgummole dy't oan it kûljen wiene by Froubuorren, leine it wurk om 15.00 oere in kertier del.
Agractie rôp op it wurk in kertier del te lizzen
Op de webside fan de aksje 'Knoop in je zakdoek' joech Agractie noch oare tips foar hoe't minsken stypje koene. Bygelyks troch de auto oan de kant te setten of in bûsdoek oan de auto te knoopjen.