VVD Fryslân warskôget lanlike partijtop foar minne ferkiezingsútslach yn krityske brief

© Omrop Fryslân
VVD Fryslân hat it VVD-partijbestjoer en fraksjefoarsitter Sophie Hermans yn de Twadde Keamer in brief stjoerd wêryn't se harren soargen en ûnfrede oer de hjoeddeiske partijline uterje. De Fryske ôfdieling stjoert it brief omdat neffens har "de nood hoog is".
De VVD yn Fryslân stelt fêst dat der al in skoft grutte ûnfrede is by de achterban en de leden. Ofdielingen hawwe ek te meitsjen mei leden dy't betankje. Sa'n 10 persint fan de leden hat dat de ôfrûne moannen dien.
De Fryske ôfdielings hâlde de eigen partij yn Den Haag yn it brief ferantwurdlik foar ûnder oaren de taslagge-affêre, de ierdbevingsproblematyk yn Grinslân en de grôtfolle AZC's. En dat binne neffens harren noch mar in pear foarbylden. "Een liberaal kan daar niet trots op zijn."
De ûnfrede spilet net allinnich yn Fryslân, mar ek yn Drinte, Oerisel, Gelderlân, Brabân, Seelân en Limburch. By Fryske VVD-ôfdielings libbet dan ek it gefoel dat de VVD yn Den Haag net goed oanfielt wat der bûten de rânestêd libbet.

Stikstofplannen

Direkte oanlieding foar it brief is it stikstofdossier. De fraksjes skriuwe dat troch de presintearre stikstofplannen "de bouw niet verder kan met de noodzakelijke bouw van huizen" en "de agrarische bedrijfstak dreigt gehalveerd te worden".
It kleurekaartsje yn kombinaasje mei in tekoart oan perspektyf soe de drip wêze. "Begrijpelijk dat mensen, die met de rug tegen de muur gezet zijn, gaan protesteren."
It stikstofkaartsje dêr't it yn de brief om giet © Omrop Fryslân
Ek wurdt yn it brief ûnfrede utere oer hoe't de partijtop omgien is mei de moasje op it VVD-kongres, wêryn't in krappe mearderheid fan de leden him útspruts tsjin de stikstofplannen. Mei dy moasje is úteinlik neat dien, skriuwe de Fryske fraksjes. Dat hie neffens harren wol moatten. De ûnfrede dy't foar it partijkongres al breed libbe, is dêrtroch allinnich mar grutter wurden.

Ferkiezings

Mei it each op de provinsjale ferkiezings fan takom jier ropt VVD Fryslân de lanlike fraksje op de koers oan te passen, want "de verkiezingsuitslag wordt voor het overgrote deel bepaald door het Haagse".
Sa misse de Fryske VVD-fraksjes it liberale VVD-lûd yn Den Haag en roppe se de lanlike fraksje op om better te kommunisearjen en "eens uit de Haagse bubbel" te kommen. Mocht de lanlike fraksje it brief njonken him dellizze, dan giet VVD Fryslân út fan in grutte nederlaach by de ferkiezings foar Provinsjale Steaten en it wetterskip fan maart takommend jier.

Yn petear

It brief wie yn earste ynstânsje in inisjatyf fan in stikmannich VVD-ôfdielings yn it noarden fan Fryslân. Sy stjoerden in konseptbrief nei alle VVD-ofdielings yn Fryslân. Under rezjy fan it Fryske partijbestjoer is de tekst fan it brief wol wat diplomatiker makke. Krityk op VVD-lânbouwurdfierder Thom van Campen waard der úthelle.
Ek is oan it brief taheakke dat 'intern rumoer het laatste is dat we kunnen gebruiken'. Krekt oarsom: it brief is skreaun troch trouwe partijleden dy't bot yn noed sitte oer de VVD en fan betinken binne dat de takomst fan de VVD as bestjoerderspartij yn alle bestjoerslagen op it spul stiet.
It brief wurdt ôfsletten mei in útnûging om 'op tige koarte termyn' mei de Fryske ôfdielings en har leden yn petear te gean. Hy is ûndertekene troch it bestjoer fan VVD Fryslân, de steatefraksje, de Wetterskipsfraksje en tolve gemeentlike ôfdielings.