Kabinet tinkt oan miljarde-ynvestearring om stroomnet te fersterkjen

Stroom fan Liander © ANP
It kabinet Rutte tinkt der serieus oer nei om miljarden euro's út te lûken foar de fersterking fan it stroomnetwurk yn Nederlân. Ek de Fryske netwurkbehearder Liander kin hjirfan profitearje.
It stroomnetwurk fan Liander kin it oanbod fan de stroom op ferskate plakken net oan. Dat soarget der bygelyks foar dat sinnepanielen of wynmûnen stilset wurde moatte omdat de stroom net it net op kin.

30 miljard nedich

Neffens Ceriel Thissen fan Alliander it memmebedriuw binne der ferskate redenen foar dit probleem. "We zijn volop bezig met de uitvoering van het klimaatakkoord in Nederland, we faciliteren de economische groei en we sluiten vele nieuwe woningen aan. Er wordt veel meer elektriciteit gevraagd dan voorheen."
Om it elektrisiteitsnet foldwaande út te wreidzjen, is in ynvestearring fan 30 miljard euro nedich. "We zijn al een tijdje aan het kijken hoe we dit gaan financieren. Afgelopen jaar hebben onze aandeelhouders, de provincies en gemeenten in het werkgebied van Liander, ook al een financiële bijdrage gedaan."

Net allinnich jild

Dat gie om in bedrach fan 600 miljoen euro. Noch lang net genôch dus. Dêrom is der stipe fan it Ryk nedich, stelt Thissen. "Zo kunnen we het eigen vermogen van Alliander versterken. Daardoor kunnen we gunstiger lenen op de kapitaalmarkt en kunnen we uiteindelijk toch de miljarden lenen die nodig zijn."
Njonken it jild is der ek in oar probleem: in tekoart oan technysk personiel en materiaal. "Er zijn heel vel mensen nodig om de energietransitie in Nederland te realiseren. Dus daar investeren we ook in om te kijken hoe we toch meer technisch personeel kunnen krijgen. Bovendien zijn we aan het innoveren waardoor we het werkproces slimmer kunnen inrichten."
Ceriel Thissen fan Alliander