Aaisykjen is ymmaterieel erfgoed: "Wurdearring foar al dy frijwilligers"

In earste ljipaai by Aldehaske (argyffoto) © ANP
It aaisykjen is taheakke oan de list ymmaterieel erfgoed. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) hat dy status krigen fan it Nederlands Kenniscentrum Immaterieel Erfgoed.
It aaisykjen is mei de status ûnderdiel wurden fan de saneamde 'Inventaris.' Dêr steane allerhanne tradysje tusken, fan it skûtsjesilen oant de blommekorso's yn Nederlân.
De toetsingskommisje fan it Kenniscentrum (ûnderbrocht by it Nederlands Openluchtmuseum) hat it 'Borgingsplan' fan it BFVW goedkard. Troch it opnimmen ûnderkent it Kenniscentrum it belang fan de tradysje.

In ambacht, in keunst, in sport

It aaisykjen is net samar in tradysje, seit it bûn, mar in ambacht, in keunst en in sport. Want it freget kennis om it hâlden en dragen fan de ljip te 'lêzen' en nêsten te finen.
"Wy binne der echt wol bliid mei", seit beliedsmeiwurker Inge van der Zee fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Foar it BFVW is de status benammen in teken fan wurdearring. "Foaral yn 'e rjochting fan al dy frijwilligers dy't yn de maitiid sa warber binne yn it fjild."

Jubileumkado

Boppedat is it in moai 'jierdeiskadootsje' foar it bûn, dat dit jier 75 jier bestiet. Under de koördinaasje fan it bûn binne der yn Fryslân alle jierren sa'n 3.500 frijwilligers dwaande om de pykjes en aaien fan greidefûgels te beskermjen.
Wy kinne ús der mei sjen litte, nei ús partners en nei de bûtenwrâld. It kin doarren iepenje, ek as it giet om finansjele stipe.
Inge van der Zee fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten
Van der Zee is net allinne wiis mei de status, mar hopet ek dat it op oare flakken mear opsmyt. "Wy kinne ús der mei sjen litte, nei ús partners en nei de bûtenwrâld. It kin doarren iepenje, ek as it giet om finansjele stipe", sa hopet sy.

Yn 2012 ek al besocht

It wie net it earste besykjen fan it bûn om de tradysje op de list te krijen. Dat is yn 2012 ek al ris dien, mar doe bestie it aaisykjen noch yn de âlde foarm. "Doe is it efkes on-hold set, om't de organisaasje dy't der doe oer gie him net minge woe yn de diskusje oer it aaisykjen."
Mar sûnt 2015 bestiet 'it frije fjild' net mear, it sykjen en meinimmen fan ljipaaien waard ferbean om't it net goed gie mei de populaasje fan de ljippen.
It earste ljipaai yn 2019 © Omrop Fryslân
Der bleau in lytsere fariant oer: in earste ljipaai mei allinne socht wurde op in plak dy't foar neisoargers tagonklik is. En as it aai fûn is, is it dien mei it sykjen yn it gebiet. Dêrnei begjint it seizoen fan it beskermjen en de neisoarch.
De tradysje bleau dus bestean yn in oare foarm, mei it huldigjen fan de finer fan it earste aai troch de kommissaris fan de Kening of de boargemaster en it ynsetten fan de tradysje foar de beskerming fan de aaien.

Tradysje yn stân hâlde

"It proses bestie út in pear stappen", fertelt Van der Zee oer it krijen fan de status. "Wy moasten ús earst oanmelde by it Kenniscentrum en dêrnei waarden wy útnûge. Doe koene wy oan de gong mei in 'Borgingsplan', dêr't yn stiet wat de tradysje is, wat de skiednis dêrfan is en hoe't wy derfoar soargje wolle dat de tradysje bestean bliuwt."
In Fries yn 1918 oan it aaisykjen © ANP
It sykjen fan aaien wurdt al sûnt minskeheugenis dien, leit Van der Zee út. De tradysje fan it oanbieden fan it earste aai is resinter. Sy wit dat al yn de jierren 30 finers har earste aai nei de Keninginne ta stjoerden.

Fan wjerstân nei beskerming

Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam it echt op gong, mei't om't der doe soargen kamen oer de fûgelstân. Doe binne ek organisaasjes as de fûgelwachten oprjochte, mei yn 1947 it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Dêr falle no goed 100 fûgelwachten ûnder.
Yn de rin fan de jierren 70 kaam der mear wjerstân tsjin it sykjen, dêrnei waard de aaisykperioade ferskate kearen ynkoarte. Yn 2015 waard de ûntheffing fan de provinsje skrast, nei in rjochtsaak fan de Faunabescherming en Vogelbescherming Nederland.
It bûn hat foar de status fan ymmaterieel erfgoed ferskate 'boargingsaksjes' opsteld, om derfoar te soargjen dat it ljipaaisykjen bestean bliuwt. Dat giet fan it jaan fan kursussen, it belûken fan de jongerein by it aaisykjen, it lobbyen yn de polityk, it publisearjen fan nijs oant it ôfspraken meitsjen mei lânbou- en natuerorganisaasjes.