Keunstner Jan Ketelaar lilk oer ferdwinen fan stik natuer op Drachtster yndustryterrein

De kap fan de beammen © Jan Ketelaar
Keunstner Jan Ketelaar fan Drachten, bekend fan de grutte frouljusbylden op 'e dyk fan Holwert, is lilk dat de bosk njonken syn atelier ferdwynt.
In âld terrein fan Philips oan de Tussendiepen yn Drachten stiet al in skoft leech, wêrtroch't dêr in lyts bosk groeid is. It wurdt sloopt om romte te meitsjen foar in 32.000 kante meter grut distribúsjesintrum. Ketelaar tinkt dat dêrtroch ûnnedich in stikje rûge natuer ferdwynt.
Op 7 juny wie al begûn mei de kap, mar dat wie eins ferbean fanwegen it briedseisoen. Nei alle gedachten giet it stikje natuer fan freed ôf plat.
Bosk Ketelaar