Provinsje Fryslân hellet protestuteringen allinnich fuort by gefaarlike situaasjes

Flaggen op in fiadukt © ANP
Rykswettersteat is fan doel omkearde Nederlânske flaggen en spandoeken by de ryksdiken fuort te heljen. Dit jildt yn earste ynstânsje benammen foar uteringen dy't gefaarlike situaasjes opsmite. De provinsje Fryslân slút him oan by dat belied.
It giet dan benammen om protestuteringen dy't bygelyks oan in fiadukt hingje. As dy lossjitte, kinne der gefaarlike situaasjes ûntstean. As in dykynspekteur soks sjocht, dan knipt of snijt hy it los en nimt er it mei.

Dyk ôfsletten

Yn útsûnderlike gefallen kin in dyk ôfsletten wurde. Bygelyks as in dykynspekteur der net fuort by kin. Dat kostest in protte mienskipsjild en dêrom ropt Rykswettersteat eltsenien op om de spandoeken en flaggen fuort te heljen. Oars binne se it guod kwyt.
Uteinlik sil Rykswettersteat alle spandoeken en oare uteringen fuorthelje, ek al smyt it gjin gefaar op. De provinsje docht dat by de provinsjale diken foarearst net.