Senioareplatfoarm OSIF wol provinsjaal ynformaasjepunt foar mantelsoargers

Aldereinsoarch © Shutterstock.com
Der moat in provinsjaal ynformaasjepunt komme, dêr't mantelsoargers terjochte kinne foar harren fragen. Dat fynt de koepel fan ûnôfhinklike senioarenferieningen yn Fryslân, de OSIF.
Bestjoerslid Riek van der Vlugt de koepel fan âldereinorganisaasjes fynt dat it ynformaasjepunt foar mantelsoargers yn de partijprogramma's opnommen wurde moat. "Omdat wy as belangeorganisaasje hearre is dat se faak 'van het kastje naar de muur' stjoerd wurde."
"Op dit stuit binne der likernôch 100.000 frijwillige mantersoargers yn Fryslân", seit Van der Vlugt. "In soad dogge it neist harren baan, it is somtiden swier en it wurdt hieltyd swierder. Der moat wat dien wurde."
Neffens har kiest de jongerein hieltyd minder faak foar in baan yn de soarch. Dêrneist sil de Fryske befolking de kommende desennia fierder fergriizje. "Dus der sil miskien wol hieltyd mear in berop op mantelsoargers dien wurde."
En dy ha gauris fragen oer yngewikkelde saken. "Lykas regeljouwing, juridyske saken, fersekeringen, allegearre fan dat soarte fan saken. En net elkenien is dêr goed op taret."

Fangnet

Sy sjocht dêryn in opjefte foar de provinsje. "Wy fine it de taak fan de provinsje om in fangnet te bieden dêr't mantelsoargers op weromfalle kinne."
Yn it ferline wie der al sa'n provinsjale organisaasje, mar dy is yn 2014 opheft, fertelt it âld PvdA-Steatelid. "No rint it in skoft by de gemeenten, en de gemeenten dogge prima harren bêst, mar der is somtiden noch in soad undúdlik by ús mantelsoargers. Dêrom liket dit ús mear in provinsjale taak."
Nei de fakansje sil de organisaasje dêrom by de provinsjale partijen del. "Wy sille nei de fakansje kontakt opnimme mei de provinsje, sadat elkenien dit meinimme kin as de programma's skreaun wurde."