Fryske oerheden stappe oer fan Gazprom op 'duorsum Frysk gas'

Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
De Fryske oerheden meitsje op 10 oktober definityf in ein oan harren kontrakt mei Gazprom Energy. De provinsje is dat ek ferplichte fanwege it Europeeske sanksjebelied tsjin Ruslân.
Fryslân wie dêrom al in skoftke op syk nei in alternative leveransier en dy is no fûn. De provinsje Fryslân en de Fryske gemeenten sille mei yngong fan 11 oktober gas en elektrisiteit ynkeapje dy't yn Fryslân sels opwekt wurdt.

Gers út de berm

Dat gas wurdt op in bysûndere wize produsearre. It wurdt opwekt mei in gersmingsel fan gers út de bermen fan de Fryske diken. Dat mingsel wurdt fergêste en dan krijst gas.
De Fryske oerheden hawwe 6 miljoen kúb gas yn it jier nedich. Neffens deputearre Sietske Poepjes slagget it om dy hoemannichte út it gers op te wekken. "Dat fûn ik ek yngewikkeld om te leauwen, mar as je je deryn ferdjipje dan is it in omfang dy't wy hjir sels opwekke kinne."
Deputearre Sietske Poepjes oer de nije metoade
As dizze wize fan opwekken, yn oktober noch net praktysk foar inoar te krijen is, dan is der in alternatyf. "Dan kinne we yn de tuskentiid noch efkes fan in net-Russyske leveransier gas krije."

"Set de gaskraan mar ticht, mynhear Poetin"

Poepjes is hiel bliid mei de nije oplossing. It is duorsumer en je binne minder ôfhinklik, seit se. "It fielt folle better. Ek al draait Poetin de gaskraan ticht. No, doch dat mar, mynhear Poetin. Wy rêde ús wol."
De nije metoade is neffens de deputearre wol wat djoerder. By de provinsje geane se derfan út dat it in ton mear kostet yn it jier. Poepjes stelt lykwols dat dit troch de hegere gasprizen op de ynternasjonale merk komt. Mei de metoade sels hat it net sa bot út te stean, neffens de deputearre..