Spulwike fan Easterwierrum dit jier ek foar 60+'ers

Senioaren dogge in spultsje © ANP
De Spulwike fan Easterwierrum, Easterlittens en Weidum bestiet dit jier fyftich jier. Eins wie it opset foar bern oant 12 jier dy't net op fakânsje koene. Mar it is útgroeid ta in feestwike dêr't generaasjes bern oan meidien hawwe.
Om de âlderein út de doarpen mear by de Spulwike te belûken, ha se dit jubileumjier wat betocht: in Spulwike-dei foar 60+'ers. "De spulwike is yn 1972 begûn. Dus eltsenien dy't doe 13 jier of âlder wie hat noait oan de spulwike meidwaan kind", leit Jelle Wierenga fan de organisaasje út. "Wy fûnen it in aardich idee om dy minsken in soarte fan Spulwike-dei meimeitsje te litten."
Spulwike-dei foar 60+-ers