Provinsje hâldt op mei hurdfarren op Burgumer Mar

hurdfarre © Shutterstock
Der komt gjin ferfolch op de proef mei hurdfarren op de Burgumer Mar. De proef sette yn 2019 útein, mar moast op lêst fan de rjochtbank nei trije wiken alwer stillein wurde.
It hurdfarren op de Burgumer Mar is in inisjatyf út de omkriten. It hie de wetterrekreaasje yn de regio Noardeast-Fryslân in boost jaan moatten. Sa soe it wetterskye of farre mei in bân efter de boat mooglik meitsje moatte.
De provinsje Fryslân en de gemeente Tytsjerksteradiel seagen de mearwearde dêrfan yn en begûnen mei de tariedings om de proef mei hurdfarren mooglik meitsje te kinnen útein.
De proef waard stilllein nei in útspraak fan de rjochtbank. Utkomst fan gerjochtlike prosedueres is dat de proef in bettere ûnderbouwing nedich hat. Dat freget om oanfoljend ûndersyk en nije beslútfoarming, sûnder wissichheid oer de útkomst dêrfan. Deputearre Steaten hat dêrom besletten gjin ferfolch oan de proef te jaan.