Europeeske Kommisje: "Beslút oer derogaasje Nederlânske boeren net foar heal septimber"

It haadkertier fan de Europeeske Kommisje yn Brussel © Wikicommons
It beslút om de derogaasje foar de Nederlânske boeren te ferlingjen of yn te lûken falt seker net foar heal septimber. Dat hat de Europeeske Kommisje bekend makke op in parsekonferinsje yn Brussel.
"It nitraatkomitee fan de Europeeske kommisje sil hjir op 15 septimber oer prate en mooglik ek oer stimme", seit Adalbert Jahnz yn it Ingelsk. Hy is wurdfierder fan Europeesk Kommissaris fan Miljeu Viriginijus Sinkevicius. "Foar dy tiid falt der seker gjin beslút."

Derogaasje

Derogaasje jout melkfeehâlders yn Nederlân romte om de helte mear stront oer it lân út te riden as de Europeeske noarm. It ynlûken fan derogaasje soe neffens LTO-Noord in soad boeren op kosten jeie, omdat se dan stront ôffiere moatte soene en keunstdong keapje, as se it gers like hurd groeie litte wolle.
Nederlânske boeren meitsje al jierren gebrûk fan derogaasje, mar de tastimming om mear stront út te riden ferfoel formeel op 31 desimber ferline jier. Nederlân hat oanslutend begjin dit jier frege om ferlinging fan de derogaasje, mar dêr is noch hieltyd gjin beslút oer nommen.

Europeeske Kommisje

"Derogaasje is per definysje altyd tydlik", leit Jahnz út. "Je kinne oan de derogaasje dy't Nederlân hie gjin rjochten ûntliene foar de takomst." It swierwagende advys fan de nitraatkommisje giet oanslutend nei de Europeeske Kommisje en dy nimt it úteinlike beslút.
"De Europeeske Kommisje sjocht yn it foarste plak nei de miljeufersmoarging yn Nederlân en de stân fan saken yn de natuer. Wy freegje fan de Nederlânske oerheid om de fersmoarging mei krêft oan te pakken en te wurkjen oan ferbettering fan de natuer. Dêrnei wurdt pas sjoen oft derogaasje noch mooglik is."
In boer oan it jarjen © ANP
De Nederlânske minister fan Lânbou Henk Staghouwer hie ferline wike noch in fideo-oerlis mei de Litouske Eurokommissaris Sinkevicius oer de miljeusituaasje yn Nederlân.
Staghouwer hopet op in ferlinging fan de derogaasje, mar hat earder yn de Twadde Keamer oanjûn dat dit swier keallet yn Brussel. "Nederlân en de Europeeske Kommisje prate hiel geregeld oer de situaasje fan natuer en miljeu, mar dat wol net sizze dat der ek op koarte termyn in beslút falt", seit Jahnz.

Beslút dizze wike

De NOS kaam ferline wike mei it ferhaal dat boarnen yn Brussel de omrop ferteld hiene dat de Europeeske Kommisje al dizze wike in beslút nimme soe oer de derogaasje. "Ik kin dêr allinnich mar op sizze dat it formele beslút folle mear tiid nimt", seit Jahnz oer dy berjochtjouwing.
Nederlân is net it iennichste lân dêr't de Europeeske Kommisje kritysk nei sjocht. Der binne ek soargen oer tefolle nitraat op plakken yn België, Dútslân, Italië en Spanje.