Omrop Fryslân giet op simmertoer troch de provinsje

© Omrop Fryslân
As it wer simmer yn Fryslân is, giet Omrop Fryslân op roadtrip nei al it moais wat Fryslân ús te bieden hat. We meitsje mei Simmer yn Fryslân in seis wike lange toer troch de provinsje en geane by ferskate doarpen en stêden del.
We geane by 30 plakken del en sjogge om it hoekje en snuve de sfear op. We besykje de plakken te besjen troch de eagen fan de ynwenners. Wat bart der yn de simmer? Is dit jier in bysûndere simmer? En wat fine de minsken fan har eigen doarp of stêd?
Alle dagen is Omrop Fryslân mei de doarpetoer live op radio en social media, út in doarp of stêd wei. Sjoch foar alle ynformaasje en de list fan de doarpen en stêden op ús simmerside.