Kommissaris fan de Kening Brok: "By yntimidaasje hâldt it rjocht om te demonstrearjen op"

Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân
Der stiet spanning op de gearkomste fan Provinsjale Steaten fan no woansdei. Aksjefierders roppe op sosjale media op om massaal nei it Provinsjehûs te kommen om sa steateleden te twingen om swart-op-wyt ôfstân te nimmen fan de stikstofoanpak.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok fynt dat net akseptabel. "Der binne minsken dy't foar de tredde kear besykje om har gelyk te heljen. Der binne no steateleden en ek meiwurkers fan dit hûs dy't harren yntimidearre fiele en dat kin net. We moatte de minsken de romte jaan om yn frijheid harren wurk te dwaan. Yntimidaasje past dêr net by."
Kommissaris fan de Kening Brok oer de yntimidaasje
De kommissaris is fan betinken dat de aksjes fan boeren en oare minsken tsjin it stikstofbelied fan 'e ôfrûne tiid al op de grins wiene en sels der oerhinne. Hy pleitet foar ridlik oerlis en wiist derop dat de provinsje Fryslân dúdlik ôfstân nommen hat fan de stikstofoanpak fan de ministers Staghouwer en Van der Wal.
"As minsken tsjin it belied fan it regear yn Den Haag binne, moatte se dêr wêze en net by ús komme te praten."

Krisisteam

De provinsje Fryslân hat in krisisteam ynrjochte om de feilichheidssituaasje yn eigen hûs yn goeie banen te lieden, mar wol dêr fierder net te folle oer kwyt. Kommissaris Brok is bliid dat er oant no ta noch gjin inkelde ôfsizzing hat foar de steategearkomste fan woansdei. Hy rekkenet op in goeie gearkomste. "It wurk fan it Fryske parlemint moat gewoan trochgean."
Ferline wike wie dat net it gefal. Provinsjale Steaten soene doe twa dagen op retrête nei Skylge. Dy reis waard op it lêste momint skrast omdat de feilichheid net garandearre wurde koe. Aksjefierders easken doe in moeting mei steateleden op it Provinsjehûs.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok oer de gearkomste fan no woansdei
Omdat it op dy dei net ta in moeting kaam, hawwe de aksjefierders 13 july útroppen ta D-day; de lêste gelegenheid om mei steateleden te praten foar it simmerreses. Oft it no woansdei wol ta in petear komme sil, is noch net dúdlik.
De oprinnende spanning hat wol gefolgen foar de politike ferhâldingen yn Provinsjale Ssteaten. De fraksje fan Forum voor Democratie krijt de lêste tiid in soad krityk fan oare partijen. De partij soe neffens oare partijen ynterne ynformaasje dield hawwe mei aksjefierders. Fraksjefoarsitter Albert van Dyk is no út it oerlis fan alle fraksjefoarsitters stapt.