Theunis Piersma set ûndersyksgroep BirdEyes op yn Ljouwert: "Fûgels sprekke litte"

Heechlearaar Theunis Piersma © Omrop Fryslân
Heechlearaar Theunis Piersma hat in nij sintrum foar ûndersyk opset: BirdEyes. De ûndersyksgroep set dizze wike útein yn Ljouwert, yn it eardere gebou fan de Friesland Bank.
BirdEyes moat in ynternasjonaal sintrum foar ûndersyk en post-master ûnderwiis wurde, op it mêd fan klimaatferoaring. It giet om in gearwurking tusken Rijksuniversiteit Groningen, Campus Fryslân, it NIOZ (Koninklijk Nederlands Instituut voor Zeeonderzoek), de Universiteit van Amsterdam en de Fryske Akademy.

Big data fan stjoerderkes

BirdEyes brûkt ûnder oare de 'big data' dy't fûgels mei stjoerderkes opsmite. Mei help fan dizze technology oan de rêch en poaten fan fûgels komt der in grutte hoemannichte gegevens frij. Dat smyt in soad ynformaasje op oer de libbensomstannichheden fan fûgels, mar kin ek helpe by de grutte útdagingen fan dizze tiid, sa is de gedachte.
Piersma skat dat der sa'n 200 fûgels rûnfleane mei in stjoerderke. "Harren bewegingen fertelle wat der oan de hân is op plakken. In fûgel dy't wit wat er wol makket streekrjochte bewegingen. Mar fûgels yn de problemen wurde folle ûnrêstiger en bewege folle mear."

Fûgels toane feroaringen

"Je komme der faak efter dat fûgels dingen sjogge dy't wy noch net sjogge, of net sjen wolle", seit Piersma. "Dat hat mei de kwaliteit fan de omjouwing te krijen."
In skries © ANP
Waadfûgels lûke bygelyks nei it hege noarden. "Dêr sjogge je allegearre feroaringen yn de wize wêrop't sy dat gebiet brûke, om't it ien fan de fluchst opwaarmjende gebieten op de ierde is. Dat hat konsekwinsjes foar fûgels."
Wy wolle de fûgels sprekke litte.
Heechlearaar Theunis Piersma
In oar foarbyld is de skries, dy't in soad fertelt oer lângebrûk. Net allinne yn Fryslân en Nederlân, mar ek yn Spanje, Portugal en West-Afrika. "Wy wolle de fûgels sprekke litte."
Heechlearaar Theunis Piersma
It team komt te wurkjen op de twadde ferdjipping fan it noch leechsteande gebou fan de Friesland Bank yn Ljouwert. Woansdei folget in offisjele lansearring.

Allerhanne dissiplinen byinoar

"Wy bringe de minsken byinoar yn Ljouwert om it op in heger plan te tillen. Wy wolle wrâldoanfierder wêze op dit mêd." Ferskate dissiplinen byinoar bringe is dêrby fan grut belang. "Want feroaringen hawwe mei minsken te krijen. Dan hawwe je ek agronomen, sosjologen en ekonomen nedich, bygelyks."
It haadkantoar yn Ljouwert moat dus in 'brûsplak' wurde, dêr't allerhanne partijen byinoar sitte. "De groep bestiet al, mar de minsken wurken los fan inoar. Wy krije no de kâns om der echt stal oan te jaan."

Nei it grutte publyk

BirdEyes moat dat fasilitearje en oerbringe op it grutte publyk. "In wittenskiplike publikaasje is moai, mar dan is in ferhaal noch lang net by de minsken. Wy hoopje op stipe fan keunstners en ferhalefertellers om it ferhaal oer te bringen. Dat is hartstikke nij en spannend."
RUG / Campus Fryslân © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De lokaasje is praktysk neist Campus Fryslân. "It aardige is dat sy dêr al op sa'n wize oan de gong binne. Dy binne ynterdissiplinêr oriïntearre. In hiel ynspirearjende omjouwing."