Alvestêdetriatlon is net te befetsjen misje: "Pijn lijden en daarmee omgaan"

Stefan van der Pal by Ljouwert, krekt úteinset mei syn tocht © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De Alvestêdetocht as triatlon, dat klinkt as gekkewurk. Mar net foar Stefan van der Pal. Troch earst 200 kilometer te swimmen, en dêrnei nochris te fytsen en te rinnen wol er jild ynsammelje foar Stichting Semmy.
"Het is zoiets langs en groots dat je het nooit helemaal goed kunt bevatten", sei Van der Pal in pear moannen lyn al. Sûnt 2020 is hy al mei it projekt dwaande. "Toen zou ik de Elfstedentocht al zwemmen, maar door corona kon dat niet doorgaan. In die tijd is ook het idee ontstaan de tocht als triatlon te doen."
De earste dei fan Stefan van der Pal
Fan 'e moarn om 07.00 oere wie it dan safier. In bytsje nerveus, mar likegoed fêstberet dûkte Van der Pal yn de Bonkefeart yn Ljouwert yn it wetter foar syn meunstertocht.
Neffens it skema dat syn begliedingsteam makke hat, moat er tongersdei de 200 kilometer folbrocht ha. Dêrnei steane him noch likernôch tsien oeren fytsen en in dei hurdrinnen te wachtsjen. De finish stiet pland op sneon of snein.

"Grenzen opzoeken en verleggen"

Al sûnt er in lyts jonkje wie, wol Van der Pal grinzen ferlizze. Nei it folbringen fan inkelde maratons en triatlons bedarre er al gau yn de wrâld fan it ultrasporten, dêr't 200 kilometer rinne of ekstreme swimtochten hiel gewoan binne. Mar in Alvestêdetriatlon is fan in hiel oare oarder, seit Van der Pal. Wat ferlykbers is neffens him noch net earder dien.
"Je hebt wel een vierdubbele Ironman bijvoorbeeld. Maar dan is de zwemafstand bij lange na niet wat ik ga doen. Wat ik ga doen is pionieren. Het is iets waar ik in zekere zin al heel lang mee bezig ben: grenzen opzoeken en verleggen."
Syn selsfertrouwen is grut. Van der Pal: "Ik ben er klaar voor. Ik heb er alles aan gedaan. Vanuit de wedstrijdsport weet ik dat je altijd blijft twijfelen of het genoeg was, maar ik ben er klaar voor."
"Ik bin der klear foar"
Van der Pal swimt, fytst en rint as earste nei Dokkum. Mentaal wurket dat foar him it bêste. "Dat eerste stuk is het zwaarst, door het noordwesten. Daarna zwem je steeds van stad naar stad."
Sûnt it skrassen fan de swimtocht yn 2020 hat Van der Pal syn fizier al rjochte op de Alvestêdetriatlon. De tarieding wie net maklik. Fanwegen de coronakrisis wienen de swimbaden ticht en koe hy net binnen traine.
Dêrom moast hy útwike nei Brabân. Dêr hat er oeren, dagen efterinoar swommen yn de 'endlesspool', in lyts swimbad mei streaming dy't derfoar soarget dat de swimmer op itselde plak lizzen bliuwt.

Astma-oanfal

En hy moast faker ymprovisearje, bygelyks doe't hy corona krige. "Zoals altijd loopt het toch anders dan de planning was. Eigenlijk had ik er niet veel last van, het was maar heel kort. Maar in het zwembad kreeg ik het ineens heel erg benauwd. Dan denk je eerst aan de omgeving: is zo'n zwembad waar het warm is met chloor nou zo'n goede omgeving? Maar toen bleek dat ik het buiten ook benauwd kreeg."
"We hebben contact gezocht met de begeleiders in het ziekenhuis van Heerenveen. Ook met één van mijn buurtgenoten, dat is longarts Wouter van Geffen. Ik heb andere medicatie gekregen en dat sloeg direct aan."
Van der Pal hie in tarieding mei hindernissen
De grutste útdaging foar Van der Pal yn de kommende dagen wurdt it omgean mei de pine. Want dat it swier wurdt en dat hy pine ha sil, is dúdlik. "Daar heb ik het met mijn vrouw Marianne ook vaak over. Over pijn lijden en daarmee omgaan."

"Pleister erop en door"

Sa jout de wriuwing yn it swimpak bygelyks skaafwûnen. De fraach is hoe bot oft er dêr by it fytsen en hurdrinnen lêst fan ha sil. "Dat wordt lastig inderdaad. Er zijn plekken waar we niet bij kunnen. We gaan vooral smeren met middelen. En anders wordt het verbinden, pleister erop en door."
By it fytsen moat de hûd mei spesjale klean de kâns krije te drûgjen en op te knappen. By it hurdrinnen wurdt mei skjinne en drûge klean besocht de hûd safolle mooglik te beskermjen.
Van der Pal oer hoe't er mei pine omgiet
Hoe motivearre Van der Pal ek is en hoe soarchfâldich oft it tiid- en fersoargingsskema ek útstippele is, de kâns dat him komplikaasjes foardogge of dat de misje sels ôfbrutsen wurde moat, bliuwt altyd.
Syn frou Marianne spilet op dat punt in krúsjale rol. "Zij kijkt hoe het gaat en of ik wel of niet door kan. Of ik moet slapen. Zij is ook degene die zegt, in combinatie met de artsen: het is genoeg."
By it fytsen wurdt hy begelaat troch syn hurdfytsmaat Marco Douma. "Met hem fiets ik altijd. Hij houdt mij scherp. Praat met me en motiveert me. Houdt me in de gaten of het allemaal goed gaat."
Grinzen opsykje en ferlizze is it doel
Lykas yn 2020 wol Van der Pal jild ynsammelje foar it goede doel. Wiene it doe trije ynstânsjes, no wurdt jild ynsammele foar Stichting Semmy. Van der Pal: "Zij halen geld op voor onderzoek naar hersenstamkanker bij kinderen. Dat is een plek die zo moeilijk is om te bereiken."
"We wilden iets doen voor kinderen en dit is dan een prachtig doel. We denken echt niet aan miljoenen, we hopen dat mensen bereid zijn geld te doneren."

"Dit kleinschalige past beter bij ons"

Der is bewust foar keazen de tocht low profile te organisearjen. It mei perfoarst lykas by Maarten van der Weijden gjin evenemint wurde. "Wij hebben daar geen vergunningen voor. Dan moet je aan zo veel eisen voldoen. We organiseren het zelf, mijn vrouw Marianne en ik. Dat doen we naast ons gewone werk, ons gezinsleven. Dit kleinschalige past ook beter bij ons."
Foar Van der Pal is it: ien kear, nea wer
Slagget it net, dan is it klear foar Van der Pal. "Ik probeer dit één keer en nooit weer. Dan vind ik wel een andere uitdaging. Dit is echt eenmalig."