Hallum hat 'fuort-jou-kast' by de biblioteek om guod te bringen en te heljen

De fuortjoukast yn Hallum © Geeske Hoff
Nei Drachten stiet no ek yn Hallum in 'fuort-jou-kast' by de biblioteek. Dêr sit hâldber iten en fersoargingsprodukten yn foar minsken dy't dat sels net maklik betelje kinne.
It guod wurdt jûn troch minsken dy't wat misse kinne.
De kast is freed feestlik iepene. "In soad minsken hienen wat meinaam foar yn de kast en der wienen ek al minsken dy't wer guod ophellen", fertelt Geeske Hoff, se wurket by de biblioteek fan Hallum. It is leechdrompelich fan opset. "Foar elk dy't wat misse kin en elk dy't wat nedich hat."
Geeske Hoff
Hoe wurket de fuortjoukast? © Geeske Hoff
De kabinetskast mei planken en laden stiet bûten ûnder in ôfdakje. Minsken kinne sadwaande 'anonym' guod helje en bringe.
It projekt wurdt stipe troch ûnder oare de diakony en der is in gearwurking mei it Armoedefonds. "Dy soargje foar menstruaasjeprodukten. En dêr is ferlet fan, want de planke is no al leech."
Om't it om in kast giet en net om in kuolkast, kinne der inkeld hâldbere produkten yn. De kast is iepen fan 8.00 oant 20.00 oere.