Anker en Anker, de sjongende 'confrères'

De strafrjocht-advokaten Wim en Hans Anker giene op 1 jannewaris 2022 mei pensjoen. Yn diel 1 fan 'Confrères' (út 1995) gean de bruorren op besite by kliïnten yn de finzenis, jouwe se in lêzing yn Eastermar en sjonge se twastimmich yn it kafee.
FryslânDOK 'Confrères' de bruorren Anker diel 1 op TV:
- Sneon NPO2 9 july 15.30 oere (werhelling snein 10 july 13.39 oere)
- Snein 10 july Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Diel 1 fan 'Confrères' is yn 1995 makke troch Piter Tjeerdsma. De bruorren wiene doe krekt lanlik bekend troch de ferdigening fan Ferdi E., de ûntfierder en moardner fan Gerrit Jan Heijn.
Yn de film sjogge we de Ankers as se op besite gean by kliïnten yn de finzenis. De kamera is ek yn Eastermar, dêr't se in lêzing jouwe oan de doarpsbewenners. Yn in kafee yn Stiens wurdt it in fleurige boel as de Ankers twastimmich libbenslieten sjonge.
Hans en Wim Anker yn 1995 yn Stiens © Omrop Fryslân
Op 16 en 17 july is diel 2 fan 'Confrères' te sjen, dat giet oer it ôfskied nei 40 jier advokatuer.
De bruorren Anker binne altyd yn Ljouwert bleaun. Se ferdigenje yn prinsipe elkenien, ek dat is net feroare. Se trede op yn grutte strafsaken, mar stean ek de winkeldief by. Meastal wurkje se pro Deo, mei allinnich in lytse fergoeding fan de steat. De measte ynkomsten generearje se út lêzingen en kursussen strafrjocht.
Wim en Hans Anker yn Eastermar yn 1995 © Omrop Fryslân