In flagge fan stofkes fertelt de ferhalen fan Warns

Lapkes fan de derhaleflagge © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
In stikje stof fan in blûske, in âld skypak en beklaaiïng fan in widze: de ynwenners fan Warns ha allegear in stikje stof opsocht en der in persoanlik ferhaal by skreaun.
Fan al dy stofkes is in grutte flagge makke om te fieren dat it kultureel sintrum De Spylder 20 jier bestiet. Dy âlde tsjerke yn it doarp is eartiids ferboud ta doarpskultuerhûs dêr't yn de rin fan de jierren ferskate aktiviteiten, keunstpresintaasjes en rommelmerk hâlden binne.

Sukses net ferwachte

Jolanda Verhoef is al sûnt it begjin belutsen by it doarpskultuerhûs. Se hie net tocht dat it sa'n sukses wurde soe. "It is hiel bysûnder dat it al tweintich jier hjir stiet en foar sa'n soad libben soarget. Mei in soad aktiviteiten en frijwilligers boppedat, dat is net maklik yn dizze tiid. Ik bin der grutsk op dat it sa goed draait."
Sels hat se ek in stikje stof útsocht foar de flagge. "It komt fan it earste toanielstik dat we holden ha, Minoes. Dat wie sa geweldich, de jeugd hjir yn Warns hat der sa'n wille oan belibbe. En de klean ha we noch hieltyd, dus dêr ha ik foar keazen."
De ynwenners fan Warns fiere it jubileum fan De Spylder kommende snein. De ferhaleflagge wurdt dan ek offisjeel ûntbleate.
Spesjale flagge fertelt it ferhaal fan Warns