Lifelines ûndersiket 50.000e dielnimmer: "Al heel veel inzichten opgeleverd"

Wietske de Vries wurdt ûndersocht © Omrop Fryslân
It grutte ûndersyksprogramma Lifelines hat yn de tredde ûndersyksronde de 50.000e dielnimmer ûntfongen. Wietske de Vries fan De Westereen hie tongersdeitemoarn de eare.
It programma waard yn 2006 opset om te ûndersykjen hoe't it kin dat de iene persoan sûn âld wurdt en de oare net. Yn totaal die oan it begjin fan de stúdzje ûngefear tsien persint fan de befolking fan Noard-Nederlân mei.
De Vries wie der fan it begjin ôf by. "Ik wurke doetiids yn in gebiet dêr't in protte soarch wie oer de jeugd, en dêr't minsken ek minder âld waarden en minder sûn âld. Dat hold my hiel bot dwaande as jongerenwurker doetiids. Doe seach ik in advertinsje fan Lifelines en wat it idee wie. Doe tocht ik: no kin ik net fuortrinne, hjir moat ik oan meidwaan", leit se út.
Lifelines ûndersiket 50.000e dielnimmer: "Al heel veel inzichten opgeleverd"
Dielnimster Wietske de Vries oer Lifelines
It ûndersyk hat yn de ôfrûne fyftjin jier al in soad ynformaasje oplevere. "Er zijn nu 500 à 600 wetenschappelijke publicaties hierover en die gaan over allerlei thema's. Het gaat over waarom mensen met een lager inkomen minder gezond zijn dan mensen met een hoger inkomen, maar ook wat bijvoorbeeld je darmbacteriën doen met je gezondheid", seit Jochen Mierau, wittenskiplik direkteur fan Lifelines.

Aktuele ynsichten

It ûndersyk hat ek hiel aktuele ynsichten oplevere, oer long covid bygelyks. Sa witte de ûndersikers no better wêrom oft de ien long covid krijt en de oar net. "Ik denk dat het op alle aspecten van gezondheid en sociaal leven het hele belangrijke inzichten heeft opgeleverd, die we anders niet hadden geweten."
It tal dielnimmers is de ôfrûne jierren wol weromrûn fan 167.000 nei ûngefear 100.000. Neffens Mierau binne dat der noch wol genôch om it ûndersyk goed út te fieren. Mooglik komt der ynkoarten wol wer in nije oanmeldingsronde.
Jochen Mierau, wittenskiplik direkteur fan Lifelines