Stranger dongbelied EU: "Dit kostet Fryske boeren twa kear jild"

Lânbouferslachjouwer Gerrit de Boer © ANP / Omrop Fryslân
Nederlânske boeren meie ynkoarten minder dong útride. It ministearje fan lânbou makket neffens de NOS moandei bekend dat Nederlân syn útsûnderingsposysje yn Europa ferliest.
Jierren mochten boeren yn Nederlân mear dong op it lân útride as Europeeske kollega's, mar de EU wol dêr no dus in ein oan meitsje.
Twa jier lyn stimden de lidsteaten fan de Europeeske Uny noch yn om de saneamde derogaasje te ferlingjen, mar dat hâldt no op.
Gerrit de Boer is lânbouferslachjouwer by Omrop Fryslân. Gerrit, wat betsjut dit beslút foar Nederlânske boeren?
"Dit betsjut nochal wat. Neffens Europeeske regels meie melkfeehâlders dy't harren bisten weidzje litte 170 kilo stikstof útride op eigen grûn. Nederlân hat mei in pear oare lannen in útsûnderingsposysje en dêrom meie boeren hjir mear útride."
Wopke Veenstra (FNP) en Geert Veenstra (LTO) reagearje op it strangere dongbelied
"Foar Fryslân betsjut dy útsûndering dat boeren sa'n 250 kilo stikstof út eigen stront oer it lân bringe meie, dus 80 kilo mear as yn de regels stiet. As dêr in ein oan komt, falle de boeren werom op de 170 kilo."
Wêrom is dat sa slim?
"Foar boeren dy't net genôch lân ha, betsjut dit dat se de stront ôffiere moatte. En dat kostet in soad jild."
Dit betsjut dat boeren de stront ferfange sille troch keunstdong. It kostet harren dus twa kear jild.
Gerrit de Boer
"Boppedat wolle se de stikstof wol graach op harren lân ha foar de groei fan gers. Dat betsjut dat boeren de stront ferfange sille troch keunstdong. It kostet harren dus twa kear jild."
"De maatregel jildt boppedat al foar dit jier en dat is hiel ûngelokkich foar de boeren. Sy hawwe al dong útriden mei de gedachte dat de derogaasje dit jier noch bestiet. Dat kin ek jild kostje."
Wêrom hienen Nederlânske boeren dizze útsûnderingsposysje?
"Dat hat te krijen mei it geunstige klimaat hjir, wêrtroch't it groeiseizoen langer is. En ek mei de fruchtbere delta dy't Nederlân is, wêrtroch't de planten en de grûn de stikstof better opnimme. Ek de effisjinte wize fan wurkjen spilet in rol."
En wêrom wol de EU no in ein meitsje oan dizze posysje fan Nederlânske boeren?
"Koartsein: omdat Nederlân it net goed docht op it mêd fan natuer. Nederlân foldocht net oan de betingsten dy't oan de regel steld wienen. We stjitte te folle stikstof út, it giet min mei de Nederlânske wetterkwaliteit. Dat alles by-elkoar sint Brussel net."
Hoe ûnferwachte komt dit nijs?
"It kabinet, de boeren en boere-organisaasjes wienen hjir al benaud foar. En se binne der tige ûngelokkich mei."
"Lân- en túnbou-organisaasje LTO seit yn ferklearring dat it ferlies fan de derogaasje in swart senario is foar kringlooplânbou, omdat in lytser part fan de dong dy't it lân nedich hat út dong fan bisten komme mei."
Lân- en túnbou-organisaasje LTO lit yn in earste reaksje dat it Nederlânske lânboubelied "tegenslag op tegenslag" is foar boeren.
"Verlies van derogatie is een zwart scenario voor kringlooplandbouw. Dit kost circa 10.000 tot 20.000 euro extra voor boeren, zonder dat het milieu er beter van wordt."
De boerebelange-organisaasje fynt dat it ministearje fan Lânbou soargje moat foar takomstperspektyf. Dat moatte se regelje yn Brussel.
Foarsitter Geert Veenstra fan LTO Smellingerlân oer it mooglike ferlies fan derogaasje
"Boeren wurde no wer mear ôfhinklik fan djoere en fersmoargjende keunstdong. Dat kostet boeren 10.000 oant 20.000 euro ekstra yn it jier en it miljeu wurdt der minder fan. LTO sil seker protest oantekenje, mar de kâns is lyts dat dat wat úthellet."
Foar FNP-steatelid Wopke Veenstra is it gjin ferrassing dat de derogaasje ferfalt