Takomst De Spitkeet op losse skroeven troch eigen sukses

De Spitkeet © RTV NOF
De takomst fan iepenloftmuseum De Spitkeet yn De Harkema stiet faai. Om bestean te bliuwen, moat der profesjonalisearre wurde. Mar dêr is jild foar nedich dat der no net is.
De stichting Friesch-Groningsche Heide, eksploitant fan De Spitkeet, is benaud dat se by de gemeente Achtkarspelen achter it net fisket as it om it jild giet.
"Yn it bestjoersakkoart stiet dat der ûndersyk dien wurde moat nei de fierdere profesjonalisearring fan De Spitkeet", seit ponghâlder Anne Ytsma fan de stichting. "Mar yn de kadernota foar 2022-2025 wurdt De Spitkeet net neamd. Dêr skrikke wy fan."
It iepenloftmuseum draait benammen op frijwilligers. Om profesjoneler te wurden, wol de stichting in direkteur oanstelle. Dêrfoar is wol 35.000 euro nedich, boppe-op de 50.000 euro dy't De Spitkeet no alle jierren fan de gemeente krijt.
Der moat echt lieding komme dy't mei de fûst op tafel slacht.
Anne Ytsma
De Spitkeet groeit út syn jaske. "En dat moat ek, want wy moatte besikers lûke. Mar dat betsjut ek dat der mear gebeure moat", seit Ytsma. "Dêrnjonken wurde de easken dy't museumferienings en besikers oan ús stelle heger. Der moat echt lieding komme dy't mei de fûst op tafel slacht."

Needgjalp

De stichting hat dêrom by wize fan needgjalp opnij in brief skreaun oan de gemeente. "Het voortbestaan van De Spitkeet is wel degelijk in geding. Wij gaan ervan uit dat u alsnog hier aandacht aan geeft", stiet dêryn.
Ponghâlder Ytsma wol alles dwaan om foar te kommen dat De Spitkeet aanst aktiviteiten skrasse moat. De hoop is no fêstige op de gemeente. Dy hat noch net reagearre op de needgjalp.