Utsteld Gelok: minsken litte harren graach foarlêze

Utsteld Gelok yn Blije © Marcel Renou
Mear as 1.800 minsken hawwe yn Fryslân nei ien fan de ferhalen fan Utsteld Gelok harke. Hûndert dagen efterinoar is earne yn in tún in ferhaal te hearren. Ek yn Blije lieten minsken har woansdeitejûn graach foarlêze.
Al gie it wol wat oars as oars, want it wetter kaam mei bakken út de himel. Dus waard it ferhaal dizze kear binnen foarlêzen yn katoendrukkerij Kleine-Lijn. Frank Belt lies 'De Restaurateur' fan Rob van Essen foar.
Fryske skriuwers, mar ek auteurs út de rest fan ús lân en sels út it bûtenlân hawwe spesjaal hjirfoar in ferhaal skreaun. Ljouwert City of Literature organisearret Utsteld Gelok en hat de skriuwers frege om te skriuwen oer wat it paradys foar harren betsjut.
Uitgesteld Geluk
"Dat slút moai oan by it tema fan Arcadia, dêr't Utsteld Gelok ûnderdiel fan is", fertelt Ernst Bruinsma fan City of Literature. "It giet oer de fraach yn hokker wrâld oft we libje wolle en hokker wrâld oft we neilitte wolle."
Nei alle gedachten wurde de ferhalen letter ek noch bondele yn in boek. Alle foarlêzen ferhalen binne no al te beharkjen en te werom te lêzen op de site fan Utsteld Gelok. Minsken kinne noch oant 14 augustus op ferskate plakken yn Fryslân nei ferhalen harkje.